Brieven en oare stikken 2016

Utgien

30-11-2016 FFU: reaksje FFU oan de ‘Onderwijscoöperatie’ oer har advys ‘Geef leraren de hoofdrol bij curriculumontwikkeling’  

Lykas yn it advys fan it ‘Platform’ ûntbriek ek by de ‘Onderwijscoöperatie’ omtinken foar it Frysk. Wy hawwe harren frege wêrom’t der gjin learaars út Fryslân selektearre wiene om rjocht te dwaan oan de spesifike Fryske situaasje. Neffens ús moat yn de troch har foarstelde ‘continue dialooch’ it Frysk in plak yn harren útstellen krije, bgl. yn it kearnkurrikulum. Fierders jouwe wy oan dat wy it fanselssprekkend achtsje dat yn de ûntwikkeling fan it ‘beropsregister’ de learaars yn de provinsje Fryslân oanjouwe dat hja ‘bevoegd en bekwaam zijn onderwijs in het Fries te geven en als zodanig investeren in hun professionele ontwikkeling’.

Klik op: FFU-brief oan ‘Onderwijscoöperatie’ oer learplanûntwikkeling, 161130.jpg om it FFU-brief te iepenjen.


26-03-2016 FFU: reaksje FFU oan it ‘Platform Onderwijs2032’ oer har einadvys ‘Ons onderwijs2032’   

Omdat der yn it yn jannewaris 2016 útbrochte einadvys fan it ‘Platform Onderwijs2032’ (op fersyk fan steatssekretaris Dekker) oer de winsklike takomstige kennis en feardichheden fan de learlingen yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis op gjin inkelde wize omtinken jûn wurdt oan it ûnderwiis yn it Frysk, hat de FFU in kritysk brief oer takomme litten oan dat saneamde ‘Platform’. It Frysk waard steatsnasjonaal wer ris deaswijd ...

Klik op: FFU-brief oan ‘Platform Onderwijs2032’, 160326.pdf om it FFU-brief te iepenjen.


20-03-2016 FFU: bydrage FFU foar de leden fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa

Bydrage fan de FFU oan de harksitting fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa op  2 maart 2016 (te Ljouwert) mei krityk op de noch altiten slim ûntarikkende ymplemintaasje troch Nederlân fan kêst 8 (ûnderwiis) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (fiifde perioade: rapportaazje oer de jierren 2012-2014). Op 21 maart is dy bydrage (yn it Ingelsk en Hollânsk) mei wat oanfollings en ferbetterings stjoerd nei it sekretariaat fan it Europeesk Hânfêst (yn Straatsboarch: adina.nichifor@coe.int).

Klik op: FFU-bydrage (Ing.) oan CoE fan de RfE oangeande de útfiering fan it Europeesk Hânfêst, 160321.pdf om it Ingelsktalige FFU-stik te iepenjen.

Klik op: FFU-bydrage (Ned.) oan CoE fan de RfE oangeande de útfiering fan it Europeesk Hânfêst, 160321.pdf om it Hollânsktalige FFU-stik te iepenjen.

Klik op: FFU-bydrage FFU foar de CoE fan de Rie fan Europa, 240112.pdf om de FFU-bydrage (op 24-01-2012) oan te klikken.


Ynkommen

14-12-2016 Ried fan Europa: rapport oer it tapassen fan it Hânfêst yn Nederlân

Op 14 des. 2016 is it rapport fan it Committee of Experts (fan 16 juny 2016) frijjûn mei oanbefellings fan it Committee of Ministers of the Council of Europe on the application of the Charter by the Netherlands (5th monitoring cycle). Dat der mei de ymplemintaasje fan it Hânfêst by it ûnderwiis yn it Frysk en de Fryske skiednis (kêst 8) noch fan alles net doocht, wisten wy al en de kommisje fan saakkundigen ûnderstreket dat foar de safolste kear: ‘The Committee of Experts again strongly urges the Dutch authorities to continue strengthening the teaching of and in Frisian at all levels of education’ (s. 21).

Klik op: RfE-5de rapportaazje or it Europeesk Hânfêst, 161214.pdf om it (Ingelsktalich) rapport fan de Ried fan Europa te iepenjen.


30-03-2016 EBLT: bydrage A. Riemersma foar de leden fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa

Ynkommen bydrage fan dr. Alex Riemersma (lektor Frysk en Meartaligens) foar it CoE fan de Ried fan Europa, dat op 2 maart 2016 in besite brocht hat oan Ljouwert oangeande de (tekoartsjittende) ymplemintaasje fan it Frysk troch Nederlân fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

Overview and developments since 2012: for the On-the-Spot-Visit (2 March 2016) of the Committee of Experts to the European Charter for Regional or Minority Languages (ETS 148). 

Klik op: Riemersma-bydrage (Ing.) oan CoE fan de RfE oangeande de útfiering fan it Europeesk Hânfêst.pdf om it Ingelsktalige stik te iepenjen.







 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html