Brieven en oare stikken 2017

Utgien

06-12-2017 FFU: De winsklikens fan Fryslân as in aparte kultuerregio

FFU-brief oan Provinsjale Steaten (PS) fan Fryslân (d.d. 06-12-2017) oer de winsklikens fan Fryslân as in aparte kultuerregio (skreaun op fersyk fan de Ried fan de Fryske Beweging).

Fryslân as aparte kultuerregio jout ús wissichheid dat der mear erkenning ûntstiet en in bettere finansiering komt foar it ferlet fan de eigen befolking oan keunst en kultuer. Yn sa’n eigen regio kin der folle better rekken holden wurde mei de eigen identiteit fan Fryslân en de Friezen en mei de ‘ferhalen’ út de regio.

Fryslân mei neffens de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging nea in ‘oanhingsel’ wurde fan in ‘noardlik’ kultuerbelied dat benammen útgiet fan de stêd Grins en dat yn dy stêd de ynstellings konsintrearre wurde. De FFU achtet in eigen regio ek wichtich foar it Frysk en foar it Frysktalige kultuerûnderwiis.

Klik op: FFU-Fryslân as kultuerregio.pdf op it FFU-brief oan PS te iepenjen.


19-11-2017 FFU: it Frysk yn in nij kurrikulum foar it PÛ en FÛ

Brief fan FFU-foarsitter Tom Dykstra oan deputearre Poepjes oer de posysje fan it Frysk yn de opset en útwurking fan in nij kurrikulum foar it primêr en fuortset ûnderwiis.

Klik op: FFU-Frysk yn nij kurrikulum.pdf om it brief fan Dykstra oan deputearre Poepjes te iepenjen.


05-10-2017 Sis Tsiis: pleitnota foar de ûntfanklikens fan it beswierskrift tsjin provinsjaal ûntheffingsbelied

Pleitnota fan Sis Tsiis útsprutsen by harksitting fan de provinsjale beswierskriftekommisje op tongersdei 5 okt. 2017 oangeande de ûntfanklikens fan syn beswierskrift fan 12 maaie 2017.

Klik op: https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2017/10/pleitnota-sis-tsiis-tsjin-ds-fryslan-2017.pdf om de pleitnota, útsprutsen troch drs. Friduwih Riemersma, te iepenjen.

In koarte útlis fan wat de ûntheffings binne, is hjir ek oan te klikken:
Klik op: https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2017/10/sis-tsiis-pleitnota-10-punten-untheffingen1.pdf

It beswierskrift dat Sis Tsiis yn maaie 2017 yntsjinne hat by Deputearre Steaten, is hjir jitris oan te klikken:
Klik op: https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2017/05/sistsiis-beswierskrift-ds-20170512.pdf

Sjoch ek by 12 maaie 2017.


25-07-2017 FFU: Kanttekenings by it Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’

Kanttekenings fan de FFU by it Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ as neiere útwurking fan in stik fan drs. S.T. Hiemstra dêroer fan 26-03-2017 (it stik fan Hiemstra is hjirûnder ek oan te klikken by ‘ynkommen’).

Klik op: FFU: kanttekenings by Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, 25-07-17.pdf om it stik fan de FFU te iepenjen.


12-05-2017 Sis Tsiis: beswierskrift tsjin it slim tekoartsjittende ûnderwiis yn de Fryske taal

Sis Tsiis makket beswier tsjin it ûnderwiisbelied fan de provinsje. Dat de provinsje gjin goed ûnderwiis yn de memmetaal oanbiedt en dat it skoallen ûntheffings ferlient om dat ûnderwiis te jaan, dat mei net. It is yn striid mei de minskerjochten, mei in lange rige fan ynternasjonale ferdraggen en mei de nasjonale wetten.

It beswierskrift is yntsjinne by Deputearre Steaten. De rjochter moat besjen hoe rjochtmjittich oft it ûnderwiisbelied fan de provinsje yn juridyske sin is. Is it dat net, dan moatte Deputearre Steaten it ûntheffingsbelied stilsette. Deputearre Steaten moat dan belied meitsje dat skoallen ta goed ûnderwiis yn it Frysk ferplichtet.

Om te soargjen dat it beswierskrift ek as polityk fraachstik behannele wurdt, is it as petysje yntsjinne by Provinsjale Steaten.

De stikken binne (mei) ûndertekene troch twa bestjoersleden fan de FFU (drs. Sytze T. Hiemstra en Geart Tigchelaar MA), dy’t warber binne yn Sis Tsiis. In grutte ynhâldlike bydrage is ek levere troch drs. Tom Dykstra (foars. FFU).

Hjir binne de dokuminten del te heljen:
Klik op: It beswierskrift
Klik op: It begeliedend brief oan Deputearre Steaten
Klik op: De petysje oan Provinsjale Steaten


20-03-2017 FFU: Útslach FFU-enkête novimber 2016 en diskusje

Ein 2016 hat de FFU in enkête holden ûnder de FFU-leden mei sa’n 14 fragen oangeande de aktiviteiten en de takomst fan de FFU. Fierwei de measte reagearjende leden (sa’n tredde part) achtsje it bestean fan de FFU fan belang, mar sjogge gjin kâns om dêr in aktive rol yn te spyljen.

Klik op: FFU-enkête novimber 2016.pdf om de fragelist te iepenjen en de resultaten dêrfan te besjen.


Ynkommen

06-12-2017  Deputearre Steaten fan Fryslân: Reaksje op in FFU-brief oer it Frysk yn it takomstige learplan

Brief fan Deputearre Steaten (DS) fan Fryslân (d.d. 06-12-2017) oan de FFU as reaksje op in FFU-brief (d.d. 19-11-2017) oangeande it plak fan it Frysk yn it takomstige learplan foar it primêr en fuortset ûnderwiis. Dat kurrikulum sil opsteld wurde troch Curriculum.nu. DS achtsje it, lykas de FFU, ek wichtich dat it Frysk dêryn meinommen wurdt en sille der wurk fan meitsje.

Klik op: DS- It Frysk yn Curriculum.nu.pdf om it antwurd fan DS te iepenjen.


05-10-2017  Sis Tsiis: pleitnota foar de ûntfanklikens fan it beswierskrift tsjin provinsjaal ûntheffingsbelied

Pleitnota fan Sis Tsiis útsprutsen by harksitting fan de provinsjale beswierskriftekommisje op tongersdei 5 okt. 2017 oangeande de ûntfanklikens fan syn beswierskrift fan 12 maaie 2017.

Klik op: https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2017/10/pleitnota-sis-tsiis-tsjin-ds-fryslan-2017.pdf om de pleitnota, útsprutsen troch drs. Friduwih Riemersma, te iepenjen.

In koarte útlis fan wat de ûntheffings binne, is hjir ek oan te klikken:
Klik op: https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2017/10/sis-tsiis-pleitnota-10-punten-untheffingen1.pdf

It beswierskrift dat Sis Tsiis yn maaie 2017 yntsjinne hat by Deputearre Steaten, is hjir jitris oan te klikken:
Klik op: https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2017/05/sistsiis-beswierskrift-ds-20170512.pdf

Sjoch ek by 12 maaie 2017.


14-09-2017  Deputearre Steaten fan Fryslân: Frysk op it Marne College te Boalsert

Antwurd fan de Provinsje (Deputearre Steaten) op in brief (d.d. 04-07-2017) fan FFU-foarsitter T. Dykstra oer ús soargen oangeande de projektwike Frysk op it Marne College te Boalsert. It Marne College hie by it organisearjen fan de projektwike gjin parsjele ûntheffings foar it fak Frysk en moast dus foldwaan oan alle kearndoelen foar it Frysk. Út it evaluaasjeferslach fan de skoalle (dat is net iepenbier), docht neffens de Provinsje û.o. bliken dat (1) it oantal learlingen dat Frysk as karfak kiest, gelyk bleaun wie. De wike hie dus fandatoangeande gjín fertuten dien: rûchwei ientredde fan de earstejiers kiest foar it Frysk nei de earste klasse; (2) de projektwike is werhelle yn it skoaljier 2016/2017 en de skoalle en de learlingen wiene dêr tefreden oer; (3) de kearndoelen Frysk binne nét helle (dat kin ek net yn in wike) en dat is foar de provinsje in punt fan grutte soarch; (4) de skoalle jout oan dat der op it mêd fan differinsjaasje ferbetterings mooglik binne en dat dêr tenei mear omtinken foar komme sil. De Provinsje is fierders fan betinken dat in projektwike gjin ferfanging wêze kin foar de reguliere lesoeren Frysk en dat de deputearre dêr ein desimber 2017 oerlis oer hawwe sil mei de haadynspekteur. De FFU sil yn 2018 wer kontakt sykje mei de provinsje oer de kwestje.

Klik op: DS-Frysk op Marne College.pdf om it brief fan DS oan de FFU te iepenjen. 


12-05-2017  Sis Tsiis: beswierskrift tsjin it slim tekoartsjittende ûnderwiis yn de Fryske taal

Sis Tsiis makket beswier tsjin it ûnderwiisbelied fan de provinsje. Dat de provinsje gjin goed ûnderwiis yn de memmetaal oanbiedt en dat it skoallen ûntheffings ferlient om dat ûnderwiis te jaan, dat mei net. It is yn striid mei de minskerjochten, mei in lange rige fan ynternasjonale ferdraggen en mei de nasjonale wetten.

It beswierskrift is yntsjinne by Deputearre Steaten. De rjochter moat besjen hoe rjochtmjittich oft it ûnderwiisbelied fan de provinsje yn juridyske sin is. Is it dat net, dan moatte Deputearre Steaten it ûntheffingsbelied stilsette. Deputearre Steaten moat dan belied meitsje dat skoallen ta goed ûnderwiis yn it Frysk ferplichtet.

Om te soargjen dat it beswierskrift ek as polityk fraachstik behannele wurdt, is it as petysje yntsjinne by Provinsjale Steaten.

De stikken binne (mei) ûndertekene troch twa bestjoersleden fan de FFU (drs. Sytze T. Hiemstra en Geart Tigchelaar MA), dy’t warber binne yn Sis Tsiis. In grutte ynhâldlike bydrage is ek levere troch drs. Tom Dykstra (foars. FFU).

Hjir binne de dokuminten del te heljen:
Klik op: It beswierskrift
Klik op: It begeliedend brief oan Deputearre Steaten
Klik op: De petysje oan Provinsjale Steaten


26-03-2017  Hiemstra: Kanttekenings by it Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’

Bydrage fan drs. S.T. Hiemstra (û.o. skriuwer fan de FFU) ornearre foar politisy en foar Fryske organisaasjes dy’t har mei it Fryske taal- en ûnderwiisbelied dwaande hâlde, oangeande it Dingtiid-rapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, dat op 3 febr. 2017 oan mr. Sietske A.E. Poepjes (deputearre foar ûnderwiis, taal en kultuer) te Burgum oanbean is. It is in krityske analyze en evaluaasje fan in teloarstellend en tekoartsjittend advys.

Klik op: Hiemstra-analyze Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, 26-03-2017. pdf om it stik fan Hiemstra te iepenjen.


03-02-2017 Dingtiid: Advys oer Frysk yn it ûnderwiis ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’

Op 3 febr. 2017 is it dûbeltalige advys fan Dingtiid (‘Orgaan foar de Fryske taal’) ‘Meartaligens as kwaliteit en doel/Meertaligheid als kwaliteit en doel’ ferskynd en oan deputearre S. Poepjes oanbean.

Klik op: Dingtiid-Meartaligens as kwaliteit en doel.pdf om de Frysktalige wjergader fan dat rapport oan te klikken


20-01-2017 Hiemstra: It ‘Europeesk Hânfêst’ en it ûnderwiis yn it Frysk oan wjerskanten fan de steatsgrins, benammen yn ferbân mei de mooglikheid ta in oanspannen fan juridyske prosedueres

Bydrage fan drs. S.T. Hiemstra (fertsjintwurdiger fan de Seksje Frysk fan de VLLT yn it Europeesk Buro foar Lytse Talen [EBLT]) foar it EBLT en oaren oer de mooglikheden om in juridyske proseduere oan te spannen tsjin it Ryk (‘Nederland’), omdat it sintraal regear yn De Haach ûnderwiiskêst 8 fan it European Charter for Regional or Minority Languages (it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen van minderheden) net of net foldwaande neikomt (ymplemintearret).

Klik op: Hiemstra-bydrage foar EBLT e.o. oer in rjochtsgong oangeande kêst 8, Hânfêst.pdf om it stik fan Hiemstra te iepenjen.







 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html