Brieven en oare stikken 2020

Utgien

12-11-2020 FFU (en RfdFB, EBLT): reaksje foar DS en PS op it nije learplan Frysk (Kurrikulum.frl, okt. 2020)

Mienskiplike reaksje (brief) fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU), de Ried fan de Fryske Beweging en it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) op it nije learplan Frysk (Kurrikulum.frl) dat yn oktober 2020 ferkynd is. It brief is rjochte oan Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân (d.d. 12 novimber 2020). De trije organisaasjes komme mei in stikmannich krityske fragen oer dat learplan en komme mei oanrikkemandaasjes ta ferbettering fan it plak fan it Frysk en de Fryske skiednis yn it hiele ûnderwiis.

Klik op: FFU-reaksje FFU, RfdFB, EBLT op it nije learplan Frysk (fan okt. 2020).pdf om it brief oan DS en PS te iepenjen.

Eardere aksjes fan de FFU yn de rjochting fan de Cedin-learpangroep om ta ferbettering te kommen binne hjirûnder oan te klikken:
http://ffu-frl.eu/PDF/200419-2%20def.FFU-brievenfoarCedin-kurr.frl-opm.pdf  (twa FFU-brieven oan de Cedin-wurkgroep d.d. 29-04-2020);
http://ffu-frl.eu/PDF/200803.def.3debrief.kurr.groep.pdf (tredde FFU-brief oan de Cedin-learplangroep d.d. 03-08-2020).


20-10-2020 FFU/Sis Tsiis: fersyk oan kantoar Anker & Anker om juridyske stipe

Fersyk fan drs. S.T. Hiemstra (FFU & Sis Tsiis) oan juridysk kantoar Anker & Anker om stipe by it yn it libben roppen fan in juridyske begeliedingsgroep foar de Fryske taal en Fryske skiednis yn it ûnderwiis yn Fryslân.

Klik op: FFU-jur. stipe kantoar mr. Anker & Anker (201020).pdf om it FFU-brief te iepenjen.


03-08-2020 FFU: tredde brief oan de Cedin-wurkgroep ‘kurrikulum.frl’ (fjouwer fragen)

Tredde FFU-brief oan de wurkgroep kurrikulum.frl, dêr’t fjouwer fragen oangeande it (takomstige) nije learplan foar de Fryske taal en kultuer yn beändere wurde.

Klik op: FFU-tredde reaksje op kurrikulum.frl (03-08-2020).pdf om it tredde FFU-brief oan de learplangroep te iepenjen.

 Op 29-04-2020 hat de FFU ek reagearre mei twa brieven oan de learplangroep (sjoch by dy datum hjirûnder) of klik op: http://ffu-frl.eu/PDF/200419-2%20def.FFU-brievenfoarCedin-kurr.frl-opm.pdf


09-07-2020 Ed Knotter (FFU): It Frysk wurdt ûnderdrukt yn ‘Friesche’ kranten

Artikel fan Ed Knotter (bestjoerslid FFU) oer de diskriminaasje fan it Frysk yn de Fryske deiblêden. It Frysk wurdt dêryn ferdrukt en weidriuwt en kriget noch lang gjin lykweardich en lykberjochtige plak. Dat hâldt de oermacht fan it Hollânsk (mei) yn stân en is sadwaande ek tige skealik foar it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis, dat dêryn (as fak en as fiertaal) noch amper omtinken kriget.

 Knotter brûkt yn It Nijs (9 july 2020) as eksimpel de taalstikjes fan Peter Nieuwenhuijsen yn it Friesch Dagblad.

Klik op: https://www.itnijs.frl/2020/07/it-frysk-wurdt-underdrukt-yn-friesche-kranten/  om it artikel fan Knotter te iepenjen.


03-07-2020 Ed Knotter (FFU): ‘min Frysk’ yn De Oerwinning fan Geart fan der Mear

Yn de oersetting fan Joseph Conrad syn Ingelsktalige roman Victory út 1915 troch Geart fan der Mear (Geert van der Meer) ûnder de titel De Oerwinning (2020) is gâns ‘min Frysk’ te finen. Dat is tige skealik foar it Frysk as kultuertaal, wurket anty-emansipatoarysk en makket it boek ûngeskikt foar it (skoal)ûnderwiis.

 Ed Knotter (skathâlder FFU) hat dêr in brief oer skreaun oan útjouwerij Elikser (d.d. 3 july 2020) en soe wolle dat der op dat mêd folle kritysker korrizjearre en redigearre waard. Dat is ek it betinken fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU).

Klik op: Ed Knotter (FFU)-(minne) kwaliteit Frysk yn De Oerwinning (Geart fan der Mear), 200703.pdf om it brief oan útjouwerij Elikser te iepenjen.


23-06-2020 Tom Dykstra (FFU): Frysk ûnderwiis op efterstân holden

De koroanakrisis is noch mar in pear wike âld as de Onderwijsraad (it heechste advyskolleezje fan de Nederlânske oerheid) warskôget foar efterstannen fan guon learlingen yn harren skoalkarriêre. Noch folle slimmer is it dat noch altiten de lanlike en provinsjale oerheid en de skoallen it Frysk struktureel op efterstân hâlde. En dat moat ophâlde neffens de Feriening Frysk Underwiis. Yn It Nijs (23 juny 2020) hat FFU-foarsitter Tom Dykstra dêr in skôging oer jûn.

Klik op: https://www.itnijs.frl/2020/06/frysk-underwiis-op-efterstan-holden/ om it artikel fan Dykstra te iepenjen.


29-04-2020 FFU: twa brieven oan de Cedin-wurkgroep ‘kurrikulum.frl’

Troch de provinsje Fryslân is oan de skoalbegeliedingstsjinst Cedin de opdracht jûn om de twadde faze fan it ûntwikkeljen fan in nij learplan (kurrikulum) foar de Fryske taal en kultuer út te fieren en dat moat foar 1 oktober 2020 realisearre wêze. De saneamde ‘wersjenne ferzy Grutte Opdrachten’ dêrfan is heal april 2020 troch de wurkgroep kurrikulum.frl omstjoerd mei de fraach om dêr foar 1 maaie 2020 kommentaar op te leverjen.

De FFU hat yn twa brieven kritysk reagearre op de
(1) ynhâld fan it learplan en de politike en maatskiplike kontekst dêrfan (drs. Th. Dykstra [foars. FFU] en drs. S.T. Hiemstra [skriuwer FFU]);
(2) en de finger lein by nochal wat flaters yn de Frysktalige tekst fan de learplangroep (Ed Knotter [skathâlder FFU] en drs. S.T. Hiemstra [skriuwer FFU]).

Klik op: FFU-twa reaksjes op kurrikulum.frl (29-04-2020).pdf om de beide FFU-brieven oan de Cedin-wurkgroep kurrikulum.frl te iepenjen.


29-01-2020 FFU: brief oan útjouwerij Elikser oer it minne Frysk fan it Fryske jongereinboek The Challenge (2019)

Brief út namme fan de FFU fan ús skathâlder Ed Knotter oan útjouwerij Elikser (Ossekop 4, Ljouwert) oer it minne Frysk yn it jongereinboek The Challenge (2019), skreaun troch Anita Terpstra en yn it Frysk oerset troch Martsje de Jong.

Ús skathâlder Ed Knotter hat it boek skôge en syn opmerkings jouwe gâns reden om The Challenge op it mêd fan de kwaliteit fan it Frysk te behoffenjen. Mei klam advisearret Knotter om it boek nochris troch in betûfte korrektor neisjen te litten mei it doel om in folgjende printinge te ferbetterjen. De FFU achtet it brûken fan Frysktalige les- en lêsboeken op skoallen fan grut belang en dy hearre yn geef Frysk skreaun te wêzen.

Op 5 febr. 2020 kaam oer de e-post in tige koarte (ien sin), net bot konkrete en frij ûnbefredigjende reaksje fan Jitske Kingma (fan útjouwerij Elikser): ‘Tank foar jo reaksje, wy sille ‘;us gedachten [sic!] der oer gean litte.’

Klik op: FFU-kwaliteit Frysk yn The Challenge, 2002019 om de krityk fan de FFU op it boek te lêzen.


Ynkommen

17-12-2020 Ried fan de Fryske Beweging: kritysk oer notysje Dingtiid

Dingtiid is it offisjele advysorgaan fan de oerheid op it stik fan de Fryske taal. Neffens Dingtiid soe Fryslân yn neifolging fan Galisië in ‘kultuerried’ hawwe moatte. Dat is in koepel fan organisaasjes dy’t har mei Fryske taal en kultuer dwaande hâlde. Dy soe allegear saken foar dy organisaasjes regelje kinne.

Opfallend is dat Dingtiid Galisië as foarbyld nimt foar Fryslân. Galisië is in regio dêr’t de stipe foar de eigen taal de ôfrûne tsientallen jierren sterk ôfhinget fan de tafallige wil fan de bestjoerders, mei as gefolch dat der gjin trochgeand belied makke wurde kin. Boppedat is it Galisysk lykas it Frysk offisjeel lykweardich oan de lânstaal, mar yn de praktyk is it dat net. Bettere foarbylden foar in ambisjeuze Fryske polityk binne bygelyks Kataloanië, Spaansk Baskelân en Wales, dêr’t de emansipaasje fan de eigen taal al folle fierder is. Galisië is net sa bot in stip oan de hoarizon as wol in stip flak foar de fuotten fan de Friezen.

Op 17 des. 2020 reagearre it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging op in notysje fan DINGtiid, dêr’t dat advysorgaan it ynstellen fan in nije Kennisried foar it Frysk yn oanrekommandearret. De Bewegingsried is dêr net bot oer te sprekken en skriuwt yn in brief: “It is de fraach oft sa’n nije advysgroep sûnder beslissingsfoech, útfiering en evaluaasje wat taheakje sil oan de mooglikheden dy’t der no al binne. Yn de Advysnotysje ûntbrekt in ynventarisaasje fan problemen dy’t in kennisberie needsaaklik makket. Der is gjin brekme oan kennis en kunde oer it Frysk. Der is wól in grut tekoart oan in effektive ymplemintaasje fan plannen. Soks wurdt nei it betinken fan de Ried net oplost mei in nije praatgroep.”

It brief is opsteld nei rieplachtsjen fan de FFU (drs. T. Dykstra, foars. en drs. S.T. Hiemstra, skriuwer).

Klik op: Reaksje-RFFB-op-Advysnotysje-DINGtiid.pdf (itnijs.frl) om it brief fan de Ried fan de Fryske Beweging oan Dingtiid te iepenjen.


25-11-2020 Sleeswyk Holstein (Dsl.): Handlungsplan Sprachenpolitik (taalpolityk)

It regear fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein wol dat de meartaligens folle sichtberder wurdt. Yn de dielsteat wurde Heechdútsk, Nederdútsk, Deensk, Jutsk en Romanes praat. Fierders wurdt yn de provinsje Noard-Fryslân en op it eilân Helgolân Noard-Frysk praat.
Ferline wike hat it dielsteatregear in nij taalbelied presintearre. It doel is dat yn de media en yn it ûnderwiis folle mear dien wurdt om safolle mooglik minsken mei dy talen yn oanrekking te bringen. Oant no ta wie it doel fan it taalbelied benammen om it learen fan dy talen mooglik te meitsjen. Minister-presidint Daniel Günther seit: “De klam leit tenei op it ûnderwiis, de media en op de mearwearde. Dêrtroch ferskoot de fokus fan taallearen nei taalpromoasje en sichtberens fan ‘e talen. It Deensk, Frysk, Romanes en Nederdútsk hearre by Sleeswyk-Holstein en meitsje ús dielsteat sa bysûnder.”
In wichtich doel fan it nije belied is om trochgeande learlinen foar de regionale talen op te setten. Dat betsjut dat learlingen fan ’e beukerskoalle oan ’e universiteit ta les krije yn dy talen, sûnder wer by nul begjinne te moatten. Op it stuit dogge alve fan de 46 basisskoallen yn Noard-Fryslân wat mei it Noard-Frysk. Yn it fuortset ûnderwiis binne mar twa skoallen dy’t Noard-Frysk jouwe.
Ien fan ’e nije maatregels is it stimulearjen fan skoallen om modelskoalle te wurden. Der binne al modelskoallen foar it Leechdútsk, dêr’t dy taal ekstra omtinken kriget. Doel is om dy skoallen fierder út te wreidzjen en om skoallen oan te fiterjen om modelskoalle foar it Frysk of Deensk te wurden. De modelskoallen kinne fergees learmateriaal fan ’e oerheid krije foar de talen dy’t sintraal steane en de oerheid betellet neiskoalling en it oerlis tusken dosinten.

Om genôch leararen Frysk te krijen hat de universiteit yn Flensburch yn oerlis mei de oerheid trije manieren betocht om neist in oare learare-oplieding mei beheinde ekstra muoite ek in diploma foar Frysk te heljen.

Om sels ek meartaliger wurde te kinnen wol de oerheid dat by it oannimmen fan nije amtners tenei mear sjoen wurdt nei kennis fan ien fan ’e regionale talen. Sprekkers fan it Deensk, Frysk of Romanes soene foarrang krije op ientalige kandidaten. Fierders moat de regionale omrop NDR tenei faker it Frysk en Deensk brûke.

It beliedsplan fan Sleeswyk-Holstein stiet hjir: link.       
Of klik op: https://www.schleswig-holstein.de/...

16/19-09-2020 S.T. Hiemstra: Sûnder tolkeksamen 'tolk Frysk'? Nee, dat kin net!

Kritysk artikel fan drs. Sytze T. Hiemstra oer it de plannen fan de provinsje Fryslân om de easken foar tolk Frysk te ferleegjen. It stik is op 16 sept. 2020 op it Provinsjehûs oerlange oan Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok en deputearre Sander de Rouwe (dy’t it trochjaan soe oan de ferantwurdlike deputearre mr. Sietske A.E. Poepjes).

It artikel hat û.o. woansdei 16 sept. 2020 stien op ‘In Nijs’ (Ried fan de Fryske Beweging) (https://www.itnijs.frl/2020/09/sunder-tolkeksamen-tolk-frysk-nee-dat-kin-net/?fbclid=IwAR3OppKAySqkee6mmSvJlBgr17e_Qk7jAHDase0_11lxFG0bmTMMGtyCpkg) en yn it Friesch Dagblad op sneon 19 sept. 2020 (https://frieschdagblad.nl/2020/9/20/opinie-sunder-tolkeksamen-in-tolk-frysk-nee-dat-kin-net).

Klik op: STH-tolkeksamen Frysk, 16-09-2020.pdf om it artikel fan Hiemstra te iepenjen.


14-09-2020 Sytze T. Hiemstra: yntegraasje fan skriuwwizer ‘Mei freonlike groetnis’ op Taalweb Frysk

Brief fan drs. Sytze T. Hiemstra (û.o. skriuwer fan de FFU en foarsitter fan de stifting ‘Sis Tsiis’) oan de Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy mei it fersyk om de skriuwwizer ‘Mei freonlike groetnis’ (1995) fan it Taalburo Fryske Akademy by de tiid te bringen, te digitalisearjen en te yntegrearjen op www.taalweb.frl.

Klik op: STH-yntegraasje ‘Mei freonlike groetnis’ op Taalweb Frysk.pdf om it brief fan Hiemstra te iepenjen.


05-09-2020 Sis Tsiis: list mei profilen Fryske taal (basisskoallen), enkête en affysje (nij) Frysk op Skoalle

1. ‘Sis Tsiis’ riedt yn ’e mande mei de FFU aksjes ta foar it Frysk op skoalle en dêrfoar moat in list mei de profilen Fryske taal (A, B, C, D, E, F, G), dy’t de basisskoallen takend binne troch de provinsje Fryslân (frijstellingsregeling), rieplachte wurde:

  • De skoallen mei profyl A biede harren bern alle kearndoelen foar it ûnderwiis yn de Fryske Taal.
  • De skoallen mei profyl G hawwe in folsleine ûntheffing foar it fak Fryske Taal. Sokke ûntheffingen binne allinne mooglik op de eilannen en yn de gemeente Weststellingwerf.
  • Foar skoallen mei de profilen B oant en mei F jildt dat dy in tydlik profyl hawwe foar fjouwer jier. Alle fjouwer jier wurde sokke profilen nei ûnderen ta bysteld. Yn it jier 2030 moatte dy skoallen ek it profyl A, dus alle kearndoelen foar it ûnderwiis yn de Fryske Taal, oan harren bern oanbiede.

Klik op: List profilen Fryske taal (2018)om de list te iepenjen.

2. Der is in ‘’Sis Tsiis’-enkête ûntwikele dy’t ynfolle wurde kin en in byld jaan moat fan it plak fan it Frysk op in skoalle.

Klik op: Sis Tsiis’-enkête Frysk op skoalle.pdf om de enkête te iepenjen, yn te foljen op www.sistsiis.frl of op te stjoeren nei: Balthasar Bekkerstrj. 7, 9123 JV Mitselwier.

3. Der is in nij en grutter affysje (poster) mei as tekst ‘Frysk op Skoalle bernerjocht’ opmakke (troch Piter Dykstra) mei twa sterke mannen (Wout Zylstra en soan) dêrop.

Klik op: ‘Sis Tsiis’-affysje ‘Frysk op skoalle bernerjocht’.png om it biljet te besjen.


05-08-2020 (ynkommen by FFU)/05-11-2019 (datearre Straatsburg)/19-11-2019 (adopted CoE) Ried fan Europa: 6de rapportaazje fan de ekspertkommisje foar it Europeesk Hânfêst (CoE) mei oanbefellings foar it taalbelied foar it Frysk

It Europeesk  Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden hat in kommisje fan saakkundigen dy’t op 17 oktober 2019 Ljouwert (Provinsjehûs) besocht hat (sjoch ek by Aktiviteten & Brieven [FFU-webstek: 17-10-2019]). De Feriening Frysk Ûnderwiis wie net útnûge, mar hat yn it ramt fan de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ (BAST) op 17 oktober 2019 op de stoepe fan it Provinsjehûs te Ljouwert demonstrearre ta gelegenheid fan de besite fan it Committee of Experts (CoE) fan de Ried fan Europa. Dy kommisje moat him ynformearje litte oer al of net it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen.

Dat is foar it Frysk en de Fryske skiednis noch altiten net goed ymplemintearre en dat hat de BAST-aksjegroep (ynklusyf de FFU) op 17 okt. 2020 op ’e stoepe fan it Provinsjehûs oan it CoE witte litten en harren in mapke mei krityske stikken oerlange, û.o. in fjouwertalich struibrief (http://ffu-frl.eu/PDF/191017.def.BAST-FFUfoldertekstENDF.logo.pdf) en in bydrage fan FFU-foarsitter drs. Tom Dykstra en FFU-skriuwer drs. Sytze T. Hiemstra foar de CoE oer it sterk tekoartsjittende ûnderwiisbelied fan de nasjonale en provinsjale oerheid oangeande it ûnderwiis yn it Frysk en de Fryske skiednis:
http://ffu-frl.eu/PDF/191013.191029.[3]def.bydr.TD-STH.FFU-BAST.17.okt.CoE.Ing.en.Ned_.pdf (sjoch ek FFU-webstek: 17-10-2019, útgien).

Klik op: https://rm.coe.int/netherlands-6th-report-ecrml/16809f0bad om de 6de rapportaazje fan de CoE te iepenjen (Nederlânsktalich). It rapport hat 27 siden en wy jouwe hjirûnder de wichtichste feroarings en oanbefellings op it ûnderwiismêd wer:

Wijzigingen in de evaluatie ten opzichte van de vorige monitoringcyclus (s. 15)
65.   Met de ontwikkeling van lesmateriaal dat de geschiedenis en cultuur van het Fries weerspiegelt en het gebruik ervan in sommige scholen voor alleen leerlingen die het vak Fries volgen, wordt verplichting 8.1.g. beschouwd als zijnde gedeeltelijk uitgevoerd. Er wordt gezorgd voor basis- en bijscholing van docenten (8.1.h); het aantal docenten en leerlingen is echter zeer gering. In vergelijking met de vorige monitoringcyclus wordt de aandacht voor de evaluatie van de kwaliteit van het onderwijs van en in het Fries nog steeds vaak verwaarloosd en wordt dit slechts op periodieke basis en met tussenpozen van enkele jaren voorzien; artikel 8.1.i is dus slechts gedeeltelijk uitgevoerd. […]

2.1.2 Aanbevelingen door de expertcommissie over het verbeteren van de bescherming en bevordering van het Fries in Nederland

De expertcommissie moedigt de Nederlandse autoriteiten aan om alle verplichtingen in het kader van het Europees Handvest voor regionale talen en talen van minderheden na te komen die niet als "uitgevoerd" worden beschouwd (zie punt 2.1.1 hierboven), en om de verplichtingen die wel zijn uitgevoerd, te blijven naleven. Daarbij dienen de autoriteiten in het bijzonder rekening te houden met de onderstaande aanbevelingen. De aanbevelingen van het Comité van Ministers van de Raad van Europa over de toepassing van het Handvest in Nederland [15] blijven volwaardig van kracht. De aanbevelingen die in het kader van de monitoringprocedure van het Handvest worden gedaan, zijn bedoeld om de autoriteiten te ondersteunen bij het uitvoeringsproces.

I.        Aanbevelingen die onverwijld moeten worden opgepakt
a.         Verhogen van het aantal lesuren van en in het Fries in het primair onderwijs alsmede het aantal scholen in het voortgezet onderwijs met Fries in het lessenpakket

II.       Verdere aanbevelingen
b.         Bevorderen van deelname aan de lerarenopleiding om tegemoet te komen aan de behoefte om Fries te onderwijzen.
c.         Ervoor zorgen dat het onderwijs van de geschiedenis en de cultuur in het Fries aan alle leerlingen wordt aangeboden.
d.         Ervoor zorgen dat de bestaande schoolinspectie zich voldoende richt op het Fries.
e.         Versterken van het gebruik van het Fries in de gezondheidszorg, zowel in de ouderenzorg als in de ziekenhuizen.
f.          Ervoor zorgen dat in alle relevante rechtszaken het Fries kan worden gebruikt. (s. 16)

Klik op: https://rm.coe.int/ecrml-netherlands-6th-evaluation-report/16809f023f om de Ingelsktalige 6de rapportaazje te iepenjen.

2.1.2     Recommendations by the Committee of Experts on how to improve the protection and promotion of Frisian in the Netherlands

The Committee of Experts encourages the authorities of the Netherlands to comply with all undertakings under the European Charter for Regional or Minority Languages which are not considered “fulfilled” (see under 2.1.1 above), as well as to continue to comply with those that are fulfilled. In doing so, the authorities should take particular account of the recommendations set out below. The recommendations by the Committee of Ministers of the Council of Europe on the application of the Charter in the Netherlands [15] remain valid in their own right. Recommendations made in the monitoring procedure of the Charter aim to support the authorities in the implementation process.

I.        Recommendations for immediate action
a.         Increase the number of teaching hours of and in Frisian at primary level as well as the number of secondary schools with Frisian in their curricula.

II.       Further recommendations
b.        Promote participation in teacher training to meet the need for teaching Frisian.
c.        Ensure the teaching of the history and culture reflected by Frisian to all students.
d.        Ensure that the existing school inspectorate sufficiently addresses Frisian.
e.         Strengthen the use of Frisian in the health sector, both in care for the elderly and in hospitals.
f.          Ensure that in all relevant judicial cases, Frisian can be used. (s. 16)

Reports and Recommendations (oanfoljende ynformaasje)

Under the terms of its Article 15 (1), each State Party is required to present its first report “within the year following the entry into force of the Charter with respect to the Party concerned, the other reports at three-yearly intervals after the first report”. Following a reform to strengthen the Charter's monitoring mechanism adopted in November 2018 by the Committee of Ministers, States Parties to the Charter must present to the Council of Europe, as from 1 July 2019, a comprehensive periodical report on the application of the treaty every five years and then two and a half years thereafter information on recommendations for immediate action. Following receipt of the periodical report, a delegation from the Charter’s Committee of Experts then visits the country to be able to speak with minority language non-governmental organisations (NGOs) and the government authorities in order to evaluate whether measures have been put in place and also whether they have worked.
A Party may submit comments on the Committee of Experts’ evaluation report within two months of its transmission to the State authorities. In these comments, the Party may ask the Committee of Experts for a confidential dialogue, which functions according to rules established by the Committee of Experts. Where the Party does not ask for a confidential dialogue, the evaluation report, together with any comments received from the Party, will be published on this website upon expiration of the two-month deadline where the Party does not submit comments, or upon receipt of the Party’s comments, whichever is the earlier date.
Learn more about the reform
Klik op: https://www.coe.int/en/web/european-charter-regional-or-minority-languages/reports-and-recommendations#{%2228993157%22:[13]} foar mear ynformaasje oer de rapporten en oanbefellings fan de Ried fan Europa.


28-01-2020 Fragen en opmerkings fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken oer it Frysk oan de minister

De fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken stelt fragen en jout opmerkings oer it brief fan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes fan 16 desimber 2019 oer de ynfollings fan de tasizzings út it ‘AO Bestuursovereenkomst Friese taal en cultuur’ (BFTK) fan 26 juny 2019 (http://ffu-frl.eu/PDF/190720ConceptverslagBestuursovereenkomstFriesetaalencultuur190626Tweede-Kamer.docx).

Klik op: Ryk: fragen oan Ynlânske Saken, jan. 2020.pdf om de fragen en opmerkings fan de leden fan guon Keamerfraksjes oangeande it Frysk te iepenjen: (1) sichtberens; (2) ûnderwiis en wittenskip; (3) rjochtspraak; (4) media, berne-opfang en soarch; (5) ynformearjen ûntjouwings Fryske taal en kultuer.


20-01-2020 Ried fan de Fryske Beweging: reaksje mei fragen foar de Twadde Keamer oangeande in brief fan de Minister fan Ynlânske Saken fan 16 des. 2019 oer de BFTK

Op 16 desimber 2019 hat de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (drs. R.W. Knops) oan de Twadde Keamer in brief stjoerd oer tasizzings dy’t dien binne by it ‘Algemien Oerlis’ fan 26 july 2019 oangeande de Bestjoersoerienkomst Fryske taal en kultuer (BFTK).

De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is teloarsteld oer dat brief fan de minister, makket syn beswieren dúdlik en docht suggestjes foar eventuele neiere fragen of opmerkings foar it skriftlik oerlis op 23 jannewaris 2020. Û.o. by dy fragen hat de FFU ek syn ynbring hân.

Klik op: Ynl. Saken-brief minister Knops oer BFTK, 16-12-2019.pdf om it brief fan minister R.W. Knops te iepenjen. Foar de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) is benammen it mei in lakreden ôfwizen fan in Frysktalich unifoarm (par. 1.3) fan belang, omdat dêr op 26-06-2019 yn De Haach (Twadde Keamer) aksje foar fierd is (klik ek op in ferslach dêrfan: http://ffu-frl.eu/PDF/190720ConceptverslagBestuursovereenkomstFriesetaalencultuur190626Tweede-Kamer.docx en sjoch ris by ‘Ynkommen 2019’).

De RfdFB skriuwt: ‘De Minister van Justitie en Veiligheid (JenV) wenst geen uitvoering te geven aan de wens om de zichtbaarheid van de Friese taal op het politie-uniform of -auto’s, omdat daardoor de herkenbaarheid niet langer gewaarborgd kan worden, en dat tot escalatie tussen burgers en politieambenaren kan leiden (1.3)’. En de dêrby hearrende fraach fan de RfdFB is: ‘Waarom is de Minister bang voor een escalatie door het gebruik van de Friese taal? Hoe kan de Minister verklaren dat dergelijke problemen niet optreden in andere landen en gebieden waar meerdere talen worden gebruikt?

Klik op: RfdFB-brief oan Twadde Keamer oer de BFTK, 20-01-2020 om de reaksje fan de Ried fan de Fryske Beweging te iepenjen.


Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html