List fan -je-tiidwurden

It Frysk hat in hiele protte tiidwurden dy’t op -je śtgeane, bygelyks studearje. Fan it type -earje binne der ytlike hūnderten. Faaks wol sa’n tūzen. Dy steane moai op in rychje yn it Omkearwurdboek fan de Fryske taal (Fryske Akademy, 1992, 470 siden). Alle oare je-tiidwurden, fan laabje (Holl.: ‘lasteren, kwaadspreken’) oant en mei sūzje (Holl.: ‘suizen’), steane dźr ek yn, mar wol fan efteren nei foaren op alfabet (retrograde folchoarder fan einletters). Se steane śt soarte tige ferspraat tusken alle mooglike oare wurden en wurdsoarten en binne sadwaande net maklik te finen.

Sytze T. Hiemstra hat se (śtsein de -earje-tiidwurden), foarsafier’t se geef Frysk binne, foar jo byinoar swile (alve siden fan fjouwer kolommen). Se hiene eins mei in oersetting yn it Hollānsk en Ingelsk opnommen wurde moatten yn in boekje lykas Tiidwurden fan de Afūk. Dy ynstelling woe dźr net oan. No jout it ynternet śs lokkich de mooglikheid ta fersprieding. De Hollānske wjergaders fan de tiidwurden binne te finen yn it Frysk Wurdboek Frysk-Nederlānsk (diel I; Fryske Akademy, 1984). Foar Ingelske oersettings kin it Frysk-Ingelsk wurdboek/Frisian-English Dictionary (Fryske Akademy/Afūk, 2000) rieplachte wurde.

Troch de ynfloed fan it Hollānsk op it Frysk driget it rike besit oan -je-tiidwurden te ferwurden ta -e-tiidwurden. Bygelyks: nammefoarm: hoopje/sakje-> *hope/sakke; notiid: hy hopet/sakket-> hy *hoopt/sakt; doetiid: hy hope/sakke-> hy *hoopte/sakte; hy hat hope/(is) sakke-> hy hat *hoopt/(is) sakt. Dźrom is it fan belang dat in sa grut mooglik ferskaat oan -je-tiidwurden yn en būten it ūnderwiis op in goede wize faak en folle brūkt wurdt. Helpe jo mei?

*is ferkeard (d.w.s. in hollānisme)

Klik op: List mei -je-tiidwurden



 

 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html