'Burgerjaarverslag niet in het Fries', 31-01-2007 (A-ACT)

De mearderheid fan de gemeenteried fan Smellingerlân wol dat it boargerjierferslach tenei ek yn it Frysk ferskynt. Mar b. en w. stelle dat soks yn striid is mei it belied fan de gemeente en wolle hjir net oan. De kwestje komt nije wike tiisdei op ’e nij oan ’e oarder yn de riedsgearkomste, want neffens yntsjinner Durk Oosterhof is troch it oannimmen fan syn foarstel it belied wizige.

“Ik wol der tiisdei op werom komme”, sei er moandeitemoarn tsjin Actief, mar hoopje der yn ’t foar noch mei de PvdA-fraksje oerienstimming oer te berikken, hoe’t dit it bêste kin.”

Op it stuit giet it kolleezje út fan twataligens: in gemeentlike tekst is òf Nederlânsk- òf Frysktalich. “Ik wol derop ta, dat dûbeltaligens mooglik wurdt”, seit Oosterhof. Ek de webside fan Smellingerlân moat dûbeltalich wurde, seit de FNP-fraksje.

Boarne: Actief, 31-01-2007

<< Werom nei 'Aktueel 2007'