Kandidatelist foar ’t earst folslein Frysk, 21-02-2007 (A-ACT)

It haadstimburo foar de Steateferkiezings, yn it kantoar fan de gemeente Ljouwert hat foar it earst ynstimd mei in folslein Frysktalige kandidatelist.

Dat waard freedtejûn bekend makke by in debat mei provinsjale politisy oer de takomst fan it Frysk. It inisjatyf foar de Frysktalige kandidatelist kaam fan nûmer 10 op ’e list fan de FNP, Sjoerd Groenhof.

CDA’er Geart Benedictus fynt dat it Frysk yn de Grûnwet ferankere wurde moat, tagelyk mei it Nederlânsk.

Boarne: Weekblad Actief, 21-02-2007

FFU: Yn it parseberjocht oer de Frysktalige kandidatelist stie it neikommende:

Foar ’t earst in folslein Frysktalige kandidatelist foar de Steateferkiezings akseptearre

Ljouwert - It haadstimburo te Ljouwert hat foar it earst tastien dat der in folslein Frysktalige kandidatelist foar de Steateferkiezings op 7 maart e.k. ynlevere waard. It inisjatyf kaam fan Sjoerd Groenhof, de nûmer 10 fan de FNP-list. Yn ’t ramt fan  de lykberjochting en lykweardigens fan de Fryske taal oan it Hollânsk is de Ried fan de Fryske Beweging bliid mei dat inisjatyf.

De kandidateformulieren binne del te heljen fan it webstek fan it buro foar de ferkiezings Nedap/Groenendaal, mar binne standert yn ’t Hollânsk en moatte no eltse kear oerset wurde yn it Frysk. Foar de Ried fan de Fryske Beweging wie dat de oanlieding om kontakt te sykjen mei Nedap/Groenendaal en dêr de winsk del te lizzen om ek standert in Frysktalich formulier op har stek te setten. In foarbyld dêrfan is nei it buro tastjoerd en dat hat tasein om dy winsk yn te bringen yn ’t oerlis mei it Ministearje fan Ynlânske Saken.

De Ried fan de Fryske Beweging is optein dat foar de takomstige gemeentlike, provinsjale en lanlike ferkiezings no foar alle politike partijen de mooglikheid bestiet om ek in folslein Frysktalige kandidatelist yn te tsjinjen.

<< Werom nei 'Aktueel 2007'