Kommisje foar Fryske Kanon ûnderwiis, 13-03-2007 (A-PF)

 It kolleezje wol graach € 200.000 oan Tresoar beskikber stelle foar it opsetten en yn wurking stellen fan in kanonkommisje en ûntwikkeling en realisaasje fan in Fryske ûnderwiiskanon. Yn har junygearkomste sil oan Provinsjale Steaten frege wurde de needsaaklike middels ta beskikking te stellen. Rinze Boersma, âld-foarsitter fan de ried fan bestjoer fan it Cedin, is ree fûn en nim it foarsitterskip fan de kanonkommisje op him.

Yn septimber 2005 stelde de minister fan OC&W in kommisje yn ûnder foarsitterskip fan prof. dr. Van Oostrom, dy’t de opdracht krige advys út te bringen oer en soarch te dragen foar de ûntwikkeling fan in nasjonale ûnderwiiskanon. De kearn fan dy kanon soe neffens de minister in dúdlike relaasje mei de kearndoelen hawwe moatte, lykas dy opsteld binne foar it primêr en fuortset ûnderwiis. De kommisje Van Oostrom hat ôfrûne oktober har rapport oanbean en de nasjonale kanon presintearre oan de minister. Yn har einrapport hat de kommisje Van Oostrom eksplisyt de oanbefelling opnommen om yn relaasje ta de nasjonale kanon ek in regionale of lokale kanon foar it ûnderwiis te ûntwikkeljen. De kommisje sjocht dêrby in wichtige rol weilein foar de provinsjale oerheden.
Deputearre Mulder hat yn febrewaris 2006 oerlis hân mei kommisjefoarsitter Van Oostrom. Yn dat petear hat de relaasje tusken de nasjonale kanon en de Fryske kanon en it plak fan de Fryske taal en kultuer yn de nasjonale kanon oan ‘e oarder west. Nei oanlieding fan dat oerlis hat de kommisje Van Oostrom yn har einrapport de oanrikkemandaasje dien om yn gearhing mei de nasjonale kanon ek lokale en regionale foarmen fan de kanon te ûntwikkeljen. De kommisje seach dêrby in wichtige rol weilein foar de provinsjes en gemeenten.

Yn oktober 2006 hat de kommisje Van Oostrom de Canon van Nederland presintearre oan de minister fan OC&W. Yn dy nasjonale kanon wurdt net sa folle omtinken jûn oan Fryslân en de Fryske taal en kultuer.

De steatefraksje fan it CDA yn 2005 en 2006 fragen steld oer it omtinken dat yn de nasjonale kanon jûn wurdt oan de Fryske taal en kultuer. Dy fragen binne op 9 septimber 2005 en 5 july 2006 beändere.

Boarne: Provinsje Fryslân, 13 -03-2007 [digitaal] (tekst: provinsje Fryslân)

FFU: Sjoch fierder by ‘Brieven 2006, útgien’ foar in oersjoch fan de aksjes dy’t wy ûndernommen hawwe om safier te kommen.

<< Werom nei 'Aktueel 2007'