Ombou Mercator-Education Projekt: Europeesk Kennissintrum Meartaligens en Taallearen, maart 2007 (A-UdS)

Mercator-Education hat foar dit jier in flinke subsydzje krigen út de jilden fan it Stadsconvenant Leeuwarden 2000-2010 (dêr’t de provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert yn dielnimme) om de oanwêzige ekspertize om te bouwen ta in Europeesk Kennissintrum meartaligens en taallearen. Dêrtroch kin net allinne in part fan de aktiviteiten fan Mercator-Education kontinuearre wurde, mar sil der ek in mearjierreplan ynklusyf bedriuwsplan foar dat kennissintrum ûntwikkele wurde. Dat omfettet it ferkennen fan it wurkfjild meartaligens en ûnderwiis en it yn kaart bringen fan de aktiviteiten en stúdzjes op it oanbelangjende mêd. It kennissintrum sil him, njonken de nasjonale en ynternasjonale gearwurking, sterk ynsette foar de regionale gearwurking.

Opdwaan, sirkulearje en tapasse
De taakstelling fan it Europeesk Kennissintrum Meartaligens en Taallearen is benammen rjochte op it opdwaan, sirkulearje litten en tapassen fan kennis . Foar it opdwaan fan kennis giet it om it sammeljen fan ynformaasje oangeande regionale en minderheidstalen en ûnderwiis, net allinne yn Europa, mar ek dêrbûten. In soad kennis wurdt sammele troch literatuerstúdzjes en ûndersyk. Undersyk sil ek gauris yn oparbeidzjen mei partnersynstituten út de Europeeske Uny foarmjûn wurde. De kennissirkulaasje rjochtet him op de fersprieding fan ynformaasje troch publikaasjes lykas de regionale dossiers, fia fraach- en antwurdlisten, de eigen website en nijsbrieven. Seminars en kongressen binne oare mooglikheden om kennis te dielen en te fersprieden. Yn 2007 wurde in stikmannich seminars en kongressen yn Ljouwert organisearre. Mei de kennis dy’t opdien is, sille bydragen en advizen levere wurde op regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo oan bygelyks pedagogyske konsepten yn it (meartalich) ûnderwiis, yntegraal taalbelied en taalwinning.

In foarbyld fan it tapassen fan dy kennis is it hjoeddeistige literatuerûndersyk nei ûnderwiisstanderts dat útfierd wurdt troch Mercator-Education op fersyk fan de Rie fan Europa. Dat ûndersyk tsjinnet as basis foar in resolúsje mei oanbefellings fan de Rie fan Europa oan de lidsteaten, om bettere ferlykberens tusken (minderheids)talen te stimulearjen en it meartalich ûnderwiis te befoarderjen.

Boarne: Ut de Smidte fan de Fryske Akademy, jrg. 41, nû. 1, maart 2007, s. 9

<< Werom nei 'Aktueel 2007'