‘Leo Dijkstra’ wint reklamepriis wer, 11-04-2007 (A-ACT)

NOARDBURGUM - Leo Dijkstra Reclame’ út Noardburgum hat foar it twadde jier achterinoar de Fryske Reklamepriis wûn. De winnende spot gie oer de thússoarch fan De Friese Wouden. Der wiene 62 tv-spots ynstjoerd. De winnende spot sprong derút fanwegen de oarspronklikens, de kwaliteit fan it Frysk en it kamerawurk.

De priis bestiet út reklamestjoertiid by Omrop Fryslân en Waterstad FM en in byldsje fan Grutte Pier.

Direkteur Keimpe Jaap Dijkstra, dy’t it bedriuw 1 jannewaris foarich jier fan syn heit Leo oernaam, is it iens mei de sjuery, dat it nivo fan de Frysktalige reklame op radio en tv noch fiks omheech kin, “Dat sit ’m mei yn it lytse tal reklamebedriuwen dêr’t Omrop Fryslân nei ferwiist”, seit Dijkstra jr. “De merk leit net iepen. Fan de 62 ynstjoerde tv-spotsjes hawwe wy dit jier ien makke, der komme ûngefear [sa’n] fyftich fan it reklamebedriuw dat by Omrop Fryslân yn sit.”

Boarne: Weekblad Actief, 11-04-2007

<< Werom nei 'Aktueel 2007'