Roel Falkena earelid Frije Alliânsje, 20-04-2007 (A/WB-LC)

LEEUWARDEN - Op de ledegearkomste fan de Europeeske Frije Alliânsje yn Bilbao wurdt Roel Falkena fan Beetstersweach dizze wike foardroegen as earelid. De alliânsje is in Europeeske partij foar minderheden en regio’s. Op 9 juny 1981 tekene Falkena út namme fan de FNP as ien fan de njoggen partijen de ferklearring ta it oprjochtsjen fan de alliânsje. Sûnt dy tiid hat Falkena as ‘vice president’ diel útmakke fan it algemien bestjoer fan de Europeeske beweging en hat dêr de belangen fan de FNP en Fryslân yn Europa bepleite. Dit [Dat] hat der neffens de FNP ta laat dat de rjochten fan de Fryske taal en kultuer yn de romste betsjutting fan it wurd goed ankere binne yn Europeeske ferdragen [ferdraggen].

Boarne: Leeuwarder Courant, 20-04-2007 [ferbetterings]

<< Werom nei 'Aktueel 2007'