FNP 'Drachten': mear Frysk op web, 09-05-2007 (A-FD)

DRACHTEN – De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Smellingerlân fynt dat der mear Frysk op de webside fan de gemeente komme moat. Dat is formeel ek belied fan de gemeente, skriuwt riedslid Durk Oosterhof yn in foarstel om de konseptoardering Frysk oan te passen, sadat der yndie mear Frysk op de eigen webside fan Smellingerlân kin en mei. Oft de FNP yn syn opset slagge is, wie by it sluten fan dit blêd (juster oan de ein fan de middei) noch net bekend.

Boarne: Weekblad Actief, 09-05-2007

FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Smallingerland schrijft alleen functioneel Fries, 03-03-2007 (A-LC); Moasje Frysk yn Smellingerlân wurdt útfierd, 26-02-2007 (A-GS); Raad: bestuur Smallingerland tweetalig, 07-02-2007 (A-FD); Weer motie Fries in Smallingerland, 07-02-2007 (A-LC); Burgerjaarverslag niet in het Fries, 31-01-2007 (A-ACT); Smallingerland wil jaarverslag voortaan in Fries, 10-01-2007 (A-FD); Ferslach boargemaster moat ek yn it Frysk, 10-01-2007 (A/SB-LC).

<< Werom nei 'Aktueel 2007'