Lit de Fryske liuw los, 18-05-2007 (A-LC)

DWERS
Pieter de Groot

Abram de Swaan en Ronald Plasterk binne mannen fan statuer dy’t har net út ’e tinte lokje litte. Har posysjes, De Swaan as it Nederlânske lid fan de High Level Expert Group on Multilingualism. Plastek as minister fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip, steane ek gjin provokaasjes ta, dat der wie fantefoaren gjin reden om jin op ferbaal fjoerwurk te fergapjen. Foar de organisatoaren fan it debat mei de De Swaan yn [De] Bres moat dat wat in ôfdijer west ha, se hiene rekkene op in ‘skerp debat’ en de Fryskfijannige sitaten fan de Amsterdamske emearitus heechlearaar wiene alfêst op de útnoeging bylevere. Prof. dr. Abram de Swaan bejoech him neffens har yn it ‘hol fan de liuw’.

Ha, ha, Friezen lykje it fjochtsjen as liuwen allang ferleard. De tsjinstanner hoecht har mar ien kear op ’e lije side oan te kommen, en se sitte yn it hok. Nuete skiep binne it. No ja, dy’t yn De Bres gear wiene, hiene in ekskús, dat wiene meast yntellektuelen, sokken binne der net op út om elkoar mei hûd en hier te ferskuorren.

Yn de CHN dan? Dêr iet it bestjoerders- en ûnderwiiswrâldsje út ’e hannen fan Plasterk, nei’t er syn tour de force, in Frysktalige taspraak foardrage, folbrocht hie. Ien dy’t der safolle wurk fan makke hat - in amtner reefine foar it Frysk, en dan mei bantsjes oefenje en nochris oefenje -, dy fertsjinnet in grut komplimint, dêr sizze jo net tsjin: “No fernimme jo mynhear Plasterk sels dat it  Frysk hiel wat oars is as ‘gewoon Nederlands, maar dan fonetisch opgeschreven’, sa’t jo as Buitenhof-kollumnist ha woene.” Mei syn hilaryske útspraak bewiisde hy it ûngelyk fan syn stelling, mar jo meie net heal immen dy’t syn bêst docht, útgnize om syn geknoffel, dan ferpoft er it foargoed.

Foar guon soe dat ek better wêze. Ik ha bytiden mei Gertjan Verbeek te dwaan, yn syn eigen memmetaal soe er him folle mear mei de ynhâld fan de wurden dwaande hâlde kinne as mei de útspraak. Mar nee, wy moatte dat fantastysk fine, stekke him in fear yn ’e broek. It soe my gjin nij dwaan as Plasterk de folgjende winner is fan de fear fan de Fryske beweging. Mar wa hat de serieuze ynhâld fan syn komyske skets foar ien hear meikrigen? Yn syn sprake, sels it Haachsk fan Haachske Harry, wie syn boadskip hurder oankommen.

No meitsje ik my oer de Fryske ûnderwiislobby net de measte soargen, dy is goed organisearre en timmeret geregeld oan ’e wei, ek op de goede plakken. Mear noed haw ik oer de kultuerlobby. Plasterk wie moandei op syn hûndert-dagentoernee ek even yn Parnas, mar like net bot ûnder de yndruk fan de sifers út it IPO-rapport, dat de ûnearlike subsydzjesprieding yn kaart bringt. Dat it liuwepart nei de Rânestêd giet en mar in suterich bytsje nei de provinsjes, komt him foar as in natuerwet. It is bekend dat it útstel foar in nije ferdielkaai – jou it foech oan de grutte fûnsen – him wol talaket fanwegen de effektiviteit. Mar effektiviteit is in riskant begryp yn dizze sektor, it sil altyd te’n koste gean fan it ferskaat, en dat Fryslân dan in fikse fear litte moat, is wol wis. De macht is dan yn hannen fan in rânestêdlike elite, warskôge ôfgeand kultuerdeputearre Bertus Mulder in moanne ferlyn. De measte fûnsen setelje ommers yn en om Amsterdam.

Neist in stevige lobby fan de noardlike provinsjes soe it dêrom net ferkeard wêze as it fjild sels yn aksje kaam om al dy bestjoerlike praatsjes mei foarbylden te ûnderstreekjen. Noegje de Hagenees Plasterk, dy’t altyd op de Rânestêd oriïntearre west hat, apart út om al dy rykdom oan kulturele uteringen, lang net altyd subsidiearre, oer him hinne komme te litten. Op bliksembesites [‘bliksembesiten’ is Frysker] ûntgiet him dochs it measte en ûnthâldt er allinnich wat er ûnthâlde wol. As er ûnderdompele wurdt, sil er wat begripe fan it belang fan in deeglike kulturele ynfrastruktuer. Hy sil dan tagelyk merke dat de taal hjir net in mearke is, mar wêzentlik diel útmakke fan it libben fan de minsken.

It moat al hast fyftjin jier ferlyn wêze dat kultureel Ljouwert him massaal oppenearre mei de protestaksje ‘De leeuw is los’. Ear’t it regearjen fan dit kabinet echt los giet, moat de Fryske liuw los. Lit de skiep mar yn it hok.

Boarne: Leeuwarder Courant, 18-05-2007

FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Plasterk: Dat aksint nimme jim my net kwea-ôf, 15-05-2007 (A-LC). Dêr kinne jo ek trochklikke nei de taspraak fan Plasterk. Sjoch fierders by
 ‘Poadium 2007’: Nieuwe onderwijsminister: Fries als taal een sprookje, 15-02-2007 (P-LC).

<< Werom nei 'Aktueel 2007'