Mear Frysktalige stikken nei PS yn 2006, maaie 2007 (A-FB)

Foarich jier is it persintaazje Frysktalige stikken dy’t fan DS nei PS geane, tanommen. Wie yn 2005 mar 5,8% fan de stikken yn it Frysk skreaun, yn 2006 is de grins boppe de 10% berikt. De wurkgroep ynterne Frysk taalbelied fan de provinsje is fan betinken, dat wy no op ’e goede wei binne om yn 2008 te kommen ta in fearn (25%) Frysktalige stikken. De oanlieding foar dat nije belied wie in FNP-moasje. Dy moasje wie it earste wapenfeit fan de FNP yn de perioade 2003-2007. Yn de Steaten fan 18 juny 2003 krige de FNP stipe fan alle partijen útsein de VVD.

Foar it jier 2007 is de doelstelling om foar alle ôfdielings op syn minst ta 15% Frysktalige stikken te kommen. Benammen de sektoaren Wolfeart en Wolwêzen (18,2%) en Stêd en Lân (14,3%) hawwe in aktivere bydrage levere. Mei-inoar binne yn 2006 83 stikken fan DS nei PS gien.

De ‘kompetinsje Frysk’ nivo 1 (positive hâlding en ferstean) wurdt no yn it nije personielsbelied fan alle provinsjale meiwurkers ferwachte. Dyjingen dy’t yn kontakt steane mei it publyk, moatte kompetinsjenivo 2 (praten en lêzen) hawwe, krekt as de liedingjaanden, dy’t it goede foarbyld jaan moatte. Op alle ôfdielings binne no in stikmannich ‘taalomtinkers’ dy’t helpe kinne by it skriuwen (kompetinsjenivo 3). Spitigernôch lit in tal hege bestjoerders en politisy it noch sitte. Mar by de gewoane meiwurkers is it tal kursisten mei AFUK-diploma de ôfrûne twa jier bot tanommen. Fierder kinne wy op it Provinsjehûs merkbite dat ek yn oare, minder offisjele stikken, E-postberjochtsjes en brieven hieltyd mear sichtber wurdt.

Yde Dijkstra en Janke de Vries

Boarne: Frijbûtser. Moanneblêd fan de FNP, maaie 2007, nû. 379, s. 1

<< Werom nei 'Aktueel 2007'