Gerben Gerbrandy: 6,8 voor Fries, 19-06-2007 (A-FD)

In foldwaande! Ik bin der tige wiis mei. It sifer falt my fansels wat ôf, mar oer de útslach kin net korrespondearre wurde, no. Sa’n útslach is gewoan in saaklike. It wie foar my de earste kear dat ik eksamen die yn it Frysk. Dat koe noch net doe’t ik nei skoalle gie yn Snits. Ik praat en skriuw in soad Frysk, mar sa’n eksamen is wol efkes wat oars. Sels ha ik 25 jier learaar west. Yn de eksamenseal fielde ik wer hielendal de spanning fan doe. Wat in senuwen! Hieltyd moast ik tsjin mysels sizze: no de kop derby, Gerben. Ik bin benijd hoe’t de learlingen fan Bogerman it eksamen makke hawwe.”

Gerben Gerbandy is FNP-wethouder in Wymbritseradiel. Op 24 mei schoof hij aan bij de kandidaten van csg Bogerman in Sneek om het vwo-examen Fries te maken, op uitnodiging van het Friesch Dagblad. Docent Reitze Jonkman laat weten dat Gerbrandy met zijn 6,8 één van de hoogste cijfers van zijn  klas heeft gescoord.

Boarne: Friesch Dagblad, 19-06-2007

FFU: Lokwinske Gerben! Wy binne as FFU wiis mei sa’n bestjoerslid. Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Iensume Koprinners?, 25-05-2007 (A-FD). Gerben seit yn dat krantestikje mei foto tige ferstannige dingen oer it Frysk as funksje-eask by ûnderskate beroppen en oer de needsaak om fan it Frysk in ferplichte eksamenfak te meitsjen.

<< Werom nei 'Aktueel 2007'