Earste Rêchsekje Taal útrikt, 25-09-2007 (A-PF)

Deputearre De Vries en boargemaster Van Delft-Jaasma fan Menameradiel hawwe tiisdeitemiddei yn it gemeentehûs fan Menameradiel it earste Rêchsekje Taal útrikt oan in pear jonge âlders. De provinsje wol mei it Rêchsekje Taal âlders wize op de foardielen fan meartalichheid.

De fersprieding fan it Rêchsekje rint fia de gemeenten. Der binne op dit stuit 22 gemeenten dy’t skriftlik of mûnling oanjûn hawwe mei te dwaan: Menameradiel, Ferwerderadiel, Tytsjerksteradiel, Wymbritseradiel, Frjentsjeradiel, Dongeradiel, Ljouwerteradiel, Snits, Smellingerlân, Boalsert, It Bilt, Hearrenfean, Dantumadiel, Nijefurd, Skarsterlân,Weststellingwerf, Gaasterlân-Sleat, Harns, Ljouwert, Wûnseradiel, Kollumerlân en Littenseradiel. It is de ferwachting dat de rêchsekjes yn ‘e earste wike fan jannewaris by de gemeenten te krijen binne.

De earste útrikking fan it Rêchsekje Taal wie yn Menameradiel, om’t dy gemeente as earste posityf reagearre hat op in brief fan de Provinsje om oan dit projekt mei te dwaan. De lokkige âlden binne Sytze van Gunst en Jacqueline Vermeulen fan Dronryp, dy’t op 15 septimber krektlyn heit en mem wurden binne fan har dochter Nynke.

It Rêchsekje Taal hat as ynhâld in aventoereboekje fan Stip, de knuffel ‘Lytse hazze’, bernesokjes, in slabke, in boekje fan Tomke, in kaart fan www.heitenmem.nl , in CD en in folder oer meartaligens.

De provinsje hat keazen foar de Afûk as organisaasje efter de rêchsekjes. De Afûk hie fan de trije organisaasjes dy’t in offerte útbrocht hawwe net allinnich de goedkeapste oanbieding, mar hat ek de materialen al yn opslach, hat in soad ûnderfining mei taalbefoarderingsprojekten en ek mei de fersprieding fan oare produkten (Tematiidskriften) oer gemeenten.

It Rêchsekje Taal is in inisjatyf fan FNP, CDA en PvdA yn Provinsjale Steaten (fan 13 desimber 2006). Dêryn wurdt útsteld om oan safolle mooglik âlders fan krekt berne poppen yn Fryslân ynformaasje te jaan oer de foardielen fan it opgroeien yn in twa- of meartalige situaasje en de (mear)talige realiteit yn Fryslân. Op jierbasis giet it om sawat 8.000 poppen yn dizze provinsje.

Boarne: www.fryslan.nl

FFU: Sjoch ek by ‘Poadium 2007’: ‘Rugzakje redt Friese taal niet’, 19-01-2007. By  ‘Aktueel 2006’: 15-12-2006, Friesland voert rugzakje in om Fries te redden; 13-12-2006, Rêchseksje taal en wolkomstpakket; 12-12-2006, Rugzakje moet Friese taal redden. En boppedat by ‘Brieven 2006, ynkommen’: 13-12-2006, (1) In rêchpûdsje en wolkomstpakketsje foar it Frysk en (2) kulturele autonomy foar Fryslân.  

<< Werom nei 'Aktueel 2007'