Bern basisskoallen Ferwerderadiel krije Frysk boek oanbean, 03-10-2007 (A/WB-SSN)

FERWERT- Ferwerderadiel is in gemeente mei in aktyf Frysk taalbelied. Net allinne yn de eigen organisaasje stiet it Frysk heech oanskreaun, de gemeente wol it Frysk ek ûnder de ynwenners fan Ferwerderadiel stimulearje. Der is fanút [út ... wei] de gemeente in wurkgroep gearstald.

‘Jou in bern in boek’ is in projekt fan de gemeente Ferwerderadiel. Eftergrûn fan it projekt is dat it foar bern tige wichtich is om te lêzen en foarlêzen te wurden.

Troch it jaan fan in boek en troch it organisearjen fan dit projekt wurdt dit [dat] stimulearre.

Op 9 oktober krije de bern út de groepen 2 en 8 fan alle basisskoallen út de gemeente in boek oanbean. De bern fan de groepen 2 krije it boek ‘Lekker sliepe lytse bear’ en de bern út groep 8 krije ‘Homme en it geheim fan Pake’ fan Sietse de Vries.

It oerlangjen fan de boeken oan de bern sil op twa lokaasjes plakfine. Foar de bern út groep 2 sil dat plakfine yn ’e bibleteek fan Hallum en foar de bern út groep 8 yn de skuorre fan de pleats fan de famylje Schukking yn Hegebeintum. It tema fan it projekt is dizze kear: ‘Geheimen’. De lokaasjes sille op in passende manier oanklaaid wurde.

De organisaasje foar it jaan fan in boek oan de bern fan groep 2 leit yn hanne fan de bibleteek, de wurkgroep hat sels de organisaasje foar de bern fan groep 8 dien.

Boarne: SawnStjerrenNijs, 03-10-2007

FFU: In treflik inisjatyf!

<< Werom nei 'Aktueel 2007'