Nijs út de Steaten fan Fryslân, 12-11-2007 (A-FRB)

1. Funksje-eask by nije direkteur Omrop
De FNP stelt fragen oan Deputearde Steaten oer de fakatuere fan in nije direkteur foar Omrop Fryslân. Yn it profyl fan de nije direkteur stiet boppe-oan dat hy of sy ‘ûnderfining en/of affiniteit mei de spesifike skaaimerken fan de Fryske kultuer en taal’ hawwe moat. De FNP is fan betinken dat jo fan de nije direkteur fan de Fryske Omrop eins gewoan ferwachtsje meie dat dy it Frysk aktyf behearsket  en brûkt.

De direkteur fan de Frysktalige publike omrop hat in wichtige foarbyldfunksje wat de taal oangiet. Taalwurdfierder Annigje Toering is fan miening dat de Omrop troch syn Frysktalige praktyk fan alle dei de wichtichste taalbefoarderjende ynstelling foar it Frysk is. ‘It soe net sa wêe moatte dat aanst ien de deistige lieding krijt dy’t wol sei affiniteit mei it Frysk te hawwen, mar it net sprekt en skriuwt.’

Yn it Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen (kêst 11) en de bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2001 (BFTK, haadstik 5) docht dúdlik bliken dat de Omrop in taak hat yn it brûken en befoarderjen fan de Fryske taal. Boppedat stekt de Provinsje Fryslân yn it ramt fan it provinsjaal taalbelied likernôch in miljoen euro per jier [= jiers] yn de Omrop.

De Steatefraksje freget no oan DS om te sjen oft de subsydzjeferoarderingen en budzjet-oerienkomsten fan de Provinsje oanpast wurde kinne op de taal-eask. Dat soe dan jilde moatte foar alle ynstellingen dy’t jild krije yn it ramt fan de BFTK en it provinsjaal taalbelied.

De Omrop sjocht oars it belang fan it Frysk praten fan liedingjaanden ek wol. Skiedend direkteur Gaanderse hat yn De Moanne sein dat it Frysk praten fan grut belang is foar de lieding fan de Omrop. Hy is fan betinken dat hy [= er] eins it Frysk al folle earder yn ’e macht hawwe moatten hie.

2. Ambysje Trijetalige skoallen ferdûbele
Annigje Toering hat yn Provinsjale Steaten mei sukses mear ambysje frege foar de Trijetalige Skoalle. In moasje ditoangeande is nei wiziging troch alle partijen mei ûnderskreaun.1 De Trijetalige Skoalle leveret in soad kwaliteit en troch dit sukses is der no mear belangstelling as dat der jild is.

It Kolleezje fan DS woe yn de ûnderwiisnota Boppeslach ta op 25 Trijetalige Skoallen yn 2015. De FNP en ek alle oare partijen wiene fan betinken dat dit tal wol ferdûbele wurde kin.
Ut de behanneling yn de Kommisje fan it nije Taalbelied hie al bliken dien dat de Trijetalige Skoalle it poerbêst docht. Dielnimmende skoallen hawwe in better yntegraal taalbelied en in bettere differinsearre pedagogysk-didaktyske oanpak. Oer it generaal kin steld wurde dat dizze skoallen kwalitatyf ta de top hearre fan wat Fryslân te bieden hat.
In grut tal skoallen stiet no yn de rige by de Provinsje om diel te nimmen oan de Trijetalige Skoalle. It jild fan de Provinsje is dêrby in oantrún. Mar it wichtichste is de rop fan kwaliteit dy’t de Trijetalige Skoalle ynienen sa populêr makket. De FNP wol graach de positive enerzjy brûke dy’t no loskomt om it taalbelied fia dizze [= dy; lâns dy wei] wei in ekstra ympuls te jaan. It is in wichtige ynvestearring yn de takomst fan ús bern en fan Fryslân.
De Steaten sille ynkoarten prate oer de fuortgong fan de nota Boppeslach. Der is no yn ús moasje al útsprutsen dat de middelen [= middels] foar it ûnderdiel Trijetalige Skoalle sa nedich ferromme wurde. It kin om substansjele bedraggen gean: foar de totale nota Boppeslach stiet 10 miljoen euro. Yn ferkiezingstiid hawwe PvdA en CDA harren al ree ferklearre om dit [= dat] bedrach sa nedich te ferdûbeljen. Wy sille sjen oft hja in substansjeel Fryskere koers dan ek wiermeitsje wolle.

3. Steaten unanym foar Frysk yn Grûnwet
De Steaten hawwe op 31 oktober in inisjatyfútstel yntsjinne foar it ynstellen fan in Komitee Frysk yn de Grûnwet. Alle partijen hawwe tekene. It doel is no ienriedich te soargjen dat it Frysk yn de Grûnwet komt. In dúdlik sinjaal, ek fan grut belang yn de lobby nei Den Haag.

Annigje Toering hat it útstel op 7 novimber yn de Steaten ferdigene. De partijen bouwe hjirmei fierder op in unanime moasje fan 1992 en de moasje Koekkoek-Van Middelkoop yn de Twadde Keamer fan 1995. Yn de lêste waard oantrune op it regeljen fan it Hollânsk as steatstaal yn de Grûnwet.
It Frysk yn de Grûnwet is wer aktueel wurden no't it Kabinet Balkenende in wetlike regeling foar it Hollânsk wol. Prinsipieel soe it Frysk as Twadde Rykstaal dan no ek fêstlein wurde moatte, sa fine de Fryske partijen. Dat is ek fêstlein yn it Fryske koalysje-akkoart.
It Steatekomitee sil no de krêften bondelje. Men wol soargje dat de fersnipeling fan alle organen, riedjouwers, oerheden en lobbygroepen dy't wurkje oan it Frysk yn de Grûnwet opheft wurdt. It kabinet sil op koarte termyn in Steatskommisje foar it wizigjen fan de Grûnwet beneame. It is wêzentlik dat dy kommisje yn har opdracht ek ús punt meikrijt. Dêrnei wurdt it in lobby mei in lange azem. It soe moai wêze as der by de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer yn 2011 nijs te melden is oer it Frysk yn de Grûnwet.

4. Praatpeallen
Arriva sil praatpeallen delsette op de stasjons. Yn it nijs wie okkerdeis te hearren dat de wurdfierder fan it bedriuw dêrby net neitocht hie oer de taal by de kommunikaasje tusken klant en tsjinstferliener. De tillefoantsjes wurde fan Grins út beändere en dêr fersteane se gjin Frysk, sa wie it ferhaal.

Marten van der Veen hat oer dizze [= dy] kwestje mûnlinge fragen steld oan deputearre Adema yn de Provinsjale Steaten. It Fryske taalbelied fan de Provinsje wurket ek troch by Arriva.                                                                                                                                       
Yn de konsesjes fan it iepenbier ferfier op de fêstewâl is fêstlein dat de klanteservice fan it bedriuw Frysk ferstean kinne moat. Yn de nijste Programma's fan Easken is ek it yn it Frysk werompraten in eask wurden. It freonlik te wurd stean fan de klant, yn hokker taal [oft] dy dan ek begjint, is in hurde eask. Dat in bedriuw kin net sizze dat se har dêr neat fan oanlûke.
Neffens de deputearre wurde de praatpeallen delsetten op de stasjons om de sosjale feilichheid te fergrutsjen. Dêrby is it fan grut belang dat men yn needsituaasjes daliks Frysk prate kin en dan ek goed ferstien wurdt. De meidieling fan Arriva yn de media dat der gjin Frysk brûkt wurde kin, wie net korrekt, sa woe Adema hawwe.
De deputearre sil no op direksjenivo de saak oankaarte [= op it rabat bringe]. It neikommen fan de easken oangeande it taalgebrûk komt as apart punt te praat. Der is wat him oangiet mar ien mooglike útkomst en dat is dat it Program fan Easken op it stik fan taal ek útfierd wurdt. Direkteur Hettinga fan Arriva jout allegeduerigen it goede foarbyld, dat oan him sil it wol net lizze. No de ûnderoannimmers en meiwurkers fan it belsintrum noch.

5. Swannesang foar Suderseespoar
Op tiisdei 30 oktober kamen de Noardlike Steaten yn in sabeare ynformative gearkomste byinoar om yn in lêste besykjen in Suderseespoar foar it Noarden te beskreppen. As FNP hiene wy net folle oanstriid en gean derhinne, mar om’t it nei bûten sa trakteard [trakearre] waard as soene de Noardlike Steaten ienriedich foar dat spoar opkomme, moasten wy ús lûd wol hearre litte.

It is tige spitich dat Noardlike bestjoerders sa lang oan it Suderseespoar fêstholden hawwe. Dat hat de Noardlike posysje slim ûnderstek dien rjochting Den Haag. It iensidich ôfskaffen fan de Langmanjilden, klearebare ferried fan Den Haach en neat oars, waard yn 2005 net bestriden om’t se benaud wiene dat dêrmei it stribjen nei de Suderseeline ûnderstek dien wurde koe. Mar om’t it kabinet it beslút hieltyd foar him útskood hat, hat it Noarden gjin inkelde kaart mear yn hannen. It sil no gean moatte om de tasizzing dat as de ZZL net trochgiet, it Noarden dan 2,73 miljard krijt. Mar ûnderwilens is de helte fan dat jild al tasein oan Almere. Op ’e nij ferkocht en ferret troch Den Haag. Al dy filiaalpartijen mei harren ‘geweldige’ kontakten yn Den Haag meitsje pynlik dúdlik dat hja likemin wat yn te bringen hawwe.
Lit ús hoopje dat hja fan de djoere les fan it Suderseespoar leare wolle. Salang’t wy sels net mear te sizzen krije oer ús eigen takomst, binne wy feroardiele om de skiednis te werheljen. Dat betsjut eltse kear wer mei de pet yn de hân yn Den Haag stean om dêr lang om let dochs wer foar de winige doar te kommen.

Boarne: Frijbûtser (nû. 382 en digitaal), 12-11- 2007, s. 4-5

FFU: It liket wol oft de FNP al wurk makket fan it ‘Oanfalspan Frysk’ fan de FFU en oaren. Moai sa! Sjoch foar ús plan ek by ‘Brieven útgien, 2007’: 02-10-2007-> Provinsje: OANFALSPLAN FRYSK. Dêr kin it oanklikt wurde.

Noat

1 Moasje (nû. 2), ex artikel 27 Reglemint fan Oarder
  Steategearkomste 31 oktober 2007-11-14
  Wurklistpunt 05B taalnota Trijetalige skoallen

  De Steaten, yn gearkomste byelkoar op 31 oktober 2007 heard hawwende de rieplachting;
  sprekke út dat
  - de ambysje fan de trijetalige skoallen fan 25 oant 50 steld wurdt foar 2012
  - ree te wêzen om ekstra jild út te lûken as bliken docht dat soks needsaaklik is
  Fersykje it kolleezje fan Deputearre Steaten
  - mei gauwens te kommen mei de evaluaasje fan Boppeslach
  - de eventueel nedige begruttingsromte te brûken om de trijetalige skoallen te stypjen
  - en gean oer ta de oarder fan de dei.

  Yntsjinners (fraksje/namme/hantekening): FNP, Annigje Toering; CDA, F. Reitsma-Hazelhoff; PvdA, Gryt van
  Duinen,; VVD, Tom van Mourik; CU, Ynze de Boer; SP, Jacob van der Hoek; GL, Irona Groeneveld

<< Werom nei 'Aktueel 2007'