Littenseradiel winner Webstek Award 2007, Dantumadiel winner ‘taalbeliedsûnderwerp yn útfiering’, 16-11-2007 (A-PRF)

De Provinsje Fryslân, it Berie foar it Frysk en de Afûk organisearren op freed 16 novimber yn Koudum de konferinsje Frysk & Gemeenten.  Deputearre J.A. (Jannewietske) de Vries spruts mei sa'n 50 bestjoerders, taalbelieds- en ûnderwiisamtners, riedsleden en kommunikaasjemeiwurkers fan mear as 20 Fryske gemeenten oer it tema 'Fan rjocht nei praktyk: taal tichteby'. Ûnder de konferinsje waard bekend makke dat Littenseradiel winner is fan de Webstek Award 2007. Dantumadiel is winner is fan 'taalbeliedsûnderwerp yn útfiering'.

Webstek Award 2007
Littenseradiel is de winner fan de Webstek Award 2007.  Dizze Award is in priis dy't takend wurdt oan de gemeente dy't him mei meartalichheid en yn it bysûnder de Fryske taal dwaande hâldt en dat dúdlik op de gemeentlike webside sjen lit. De sjuery hat mei in kritysk each alle gemeentlike websiden besjoen en hawwe unanym keazen foar de webside fan Littenseradiel. De sjuery bestiet út Cor van der Meer (Mercator Kennissintrum en ûndersiker Fryske Akademy), Dieuwke Posthumus (Kommunikaasjedeskundige by de Afûk) en Jan Veninga (webdeskundige by Buro Klei). Wymbritseradiel kaam yn 2005 as beste út de bus. De Webstek Award is in inisjatyf fan de Provinsje Fryslân, it Berie foar it Frysk en de Afûk.

'Taalbeliedsûnderwerp yn útfiering'
Dantumadiel krijt € 5000,- foar in teaterprojekt foar bern yn de basisskoallen. Sa komme se op in boartlike wize yn oanrekken mei de Fryske taal. Sawol it publyk as de sjuery wiene unanym fan betinken, dat dit projekt fan de 7 ynstjoerde plannen fan ûnderskate gemeenten it bêste wie. It projekt belûkt net allinne de bern of de skoallen, mar ek de mienskip.
Wethâlder Hylkema: "Ik fyn it belangryk dat de bern belutsen wurde by it Frysk. Dat kin op in boartlike wize en teater is dêr hiel geskikt foar. Tiffany van der Wal út Broeksterwâld hat in soad ûnderfining mei jeugdteater. Sy hat har eigen teaterburo en is op dit stuit al mei 70 bern dwaande dy't mei Frysk teater oan 'e slach binne."

Boarne: Provinsje Fryslân (www.fryslan.nl), 16-11-2007

<< Werom nei 'Aktueel 2007'