Kommissariswiksel, tiid foar in Fryske beneaming, 19-11-2007 (A-LC)

De earste fjouwer nei-oarlochske kommissarissen, Linthorst Homan, Rypstra, Wiegel en Hermans, woene wat of neat fan it Frysk witte. De iene soe mei syn breklik praat en sprek dy ynmoaie taal [it Frysk] mar ûntearje, in oarenien wie no ienris gjin taalman en foar in oarenien wie Frysk in twadderangstaal. Nei’t Hermans yn 1998 dien nommen hie, wie it oan in nije profylskets ta: “Sy/hy (...) is ree om binnen in reedlike termyn de Fryske taal aktyf te behearskje te learen”. Dêr is it measte net fan op ’e hispel kommen, Nijpels syn praat- en sprektaal bleau it Hollânsk. Mar syn Frysktalige boargerjierferslaggen wiene fan Afûk-nivo, dat wol. Doe’t it oan syn werbeneaming ta wie, hie de taaleask wol fannijs steld wurde mocht. De steaten, gauris fan ‘lit mar gewurde’.

De kommissaris hat koartby syn ôfgean oankundige, dat wy binne oan in nijenien ta. Nei alle lijen yn it ferline fan net-neikommen tasizzings om te taallearen, kinne de steaten no net oars as ‘easkje dat se oar jier in Fryske kommissaris as foarsitter krije’. (Pieter de Groot yn ‘Dwers’ fan 9 novimber).

Bitgummole, B.J. Postma

Boarne: Leeuwarder Courant,19-11-2007 [ynstjoerd]

FFU:
De Ljouwerter Krante hie ûnder syn lêzers in enkête holden oer de opfolger fan Nijpels. Mear as fiifhûndert lêzers namen de gelegenheid te baat om mei te praten troch middel fan in op de  Maar-side en ynternet oanbeane ynfollist. Dêr kaam út: “De provinciebaas moet het Fries kunnen verstaan en spreken. Slechts één op de twintig Friezen vindt het geen punt als hij hier absoluut niet toe in staat is” (‘Lezers over hun nieuwe commissaris’, LC, 24 nov. 2007, Sneon en Snein, s. 7).

De Ried fan de Fryske Beweging die yn in advertinsje (LC, 23-11-2007) de oprop om in (oare soarte) list yn te foljen mei de fraach: “Fine jo ek dat Fryslân no rjocht hat op in Frysktalige kommissaris? Surf dan nei www.fryslan.nl en folje de enkête yn. Set by fraach 2 dat er Frysk prate en skriuwe kinne moat en him/har ynsette wol foar it Frysk.
Sjoch foar ynformaasje: www.fryskebeweging.nl.

Klik op: RfdFB-Frysktalige kommissaris.jpg om de advertinsje te besjen.

<< Werom nei 'Aktueel 2007'