FNP’er wil tien jaar ‘Fryslân’ herdenken, 27-11-2007 (A-LC)

HARKEMA - FNP-raadslid Sjoerd Groenhof van Achtkarspelen vindt dat met een herdenking of evaluatie stilgestaan moet worden bij tien jaar ‘Fryslân’ als officiële provincienaam. Hij heeft een oproep gedaan te onderzoeken wie destijds tegenstanders van de naamswisseling waren en of deze mensen nog steeds tegen zijn. Zelf constateert hij dat de naamswisseling geen nadelige economische gevolgen heeft gehad, zoals tegenstanders toen beweerden.

Op 1 januari 1997 werd ‘Fryslân’ de officiële provincienaam na een strijd van bijna dertig jaar. In december 1966 deed FNP-statenlid Jan Bearn Singelsma al een voorstel de naam te verfriezen. In 1970 probeerde hij het weer. Pas in 1985 lukte het een aantal CDA-statenleden wel, maar het wachten was op aanpassing van de provinciewet. Dat gebeurde in 1995 door staatssecretaris Dieuwke de Graaf-Nauta.

Boarne: Leeuwarder Courant, 27-11-2007

FFU: Sjoch (ek) it folsleine stikje fan Sjoerd hjirûnder:

Provinsjenamme, fan ‘Friesland’ nei ‘Fryslân’

Op 7 desimber 1966 tsjinne it FNP-steatelid Jan Bearn Singelsma yn de gearkomste fan de Fryske Steaten in útstel yn om de provinsjenamme 'Friesland' te feroarjen yn ‘Fryslân’. De geasten wiene blykber noch net ryp, want syn útstel helle it net.

Fjouwer jier letter, op 10 desimber 1970, tsjinne Singelsma op 'en nij in útstel yn foar it feroarjen fan de provinsjenamme. It kolleezje fan Deputearre Steaten woe der net oan meiwurkje.

Njoggentsjin jier letter, op 17 april 1985, tsjinnen de CDA'ers Deinum, Brandenburg en Sytsma in moasje yn foar it feroarjen fan de provinsjenamme ‘Friesland’ yn ‘Fryslân’. De geasten wiene einlings ryp, der wie in breed draachflak en it útstel helle it. De provinsjewet moast earst noch wol feroare wurde om dy namme te sanksjonearjen.

Wer tsien jier letter, op 15 maart 1995 - de provinsjewet wie yn 1994 oanpast mei help fan CDA-steatssekretaris frou Dieuwke de Graaf-Nauta - tsjinne de FNP-fraksje in moasje yn foar útfiering fan it útstel fan 1985. Dat útstel helle it ek.

Op 1 jannewaris 1997, wy binne dan 30 jier nei't Bearn Singelsma de stien yn 't wetter smiet, wurdt ‘Fryslân’ de offisjele provinsjenamme en wurdt ‘Friesland’ offisjeus. In wichtige bydrage ta de emansipaasje fan de Friezen en it Frysk.

2007: ‘Friesland’ is al wer tsien jier ‘Fryslân’, goed fjirtich jier nei it krewearjen fan Singelsma. Moatte wy dat ûngemurken foarby gean litte? Wêr bliuwt de FNP en wêr de Ried fan de Fryske Beweging? Wurdt it net tiid foar in lytse betinking en in evaluaasje?

It liket my nijsgjirrich ta om nei te gean wa’t doe tsjin de offisjele nammewiksel wiene en oft dy lju - as se noch libje - no ek noch tsjin wêze soene. Der hawwe by ús gjin Belgyske en Joegoslavyske tastannen west en ús ekonomy hat der ek net fan te lijen hân lykas guon ûnheilsprofeten ús doe leauwe litte woene. Is it net krekt oarsom?

Foar de ferdjipping klik hjir

Mei freonlike groetnis,
Sjoerd Groenhof

<< Werom nei 'Aktueel 2007'