Ofskie fan direkteur Pim Gaanderse, desimber 2007 (A-EE)

[...] “En dan de TAAL! Jo hiene dizze fraach fêst ferwachte nim ik oan, want in  man dy’t sa’n waarm hert hat foar Fryslân, de Omrop en de Fryske kultuer, hoe kin it dat hy de taal net sprekt, wylst it wol fan him ferwachte wurdt?”

“Ja, dat ha ik yn it begjin ferkeard ynskatten. Dêr ha ’k ek tige spyt fan moat ik sizze, want ik begryp de dreechste wurden, ik kin it goed lêze en fyn it ek in hiele moaie taal. Mar ik woe earst de útspraak goed yn ’e macht hawwe. By Omrop Fryslân moat men dochs perfekt Frysk prate wie myn miening en ik soe der in foarbyld fan wêze moatte. Ik doarde dat net oan en sadwaande is der ek nea wat fan kommen. Mar ik praat wol Frysk hear! Mei de buorlju en yn ’e supermerk en sa. Dat moat ek wol, want by ús yn ´t doarp wurdt troch in elk noch Frysk praat en dat kin je fan in soad oare plakken net sizze. Perfekt Frysk is it noch hieltyd net. Mar nochris, ik hie dat oars dwaan moatten, dat hat mis west en dat spyt my.”

Boarne: Each & Ear [útjefte fan de ‘Feriening Freonen fan Omrop Fryslân], jrg. 23, nû 2, des. 2007, s. 5

<< Werom nei 'Aktueel 2007'