Anny Bosma-Banning ferstoarn, 04/05-03-2008 (A-LC)

DRACHTEN - Yn har wenplak Drachten is op 24 febrewaris de Fryske lesjouster Anny Bosma-Banning ferstoarn. Se is 94 jier wurden. Anna Banning waard 23 oktober 1913 yn Wynjewâld berne. Se waard dosinte Nederlânsk, mar fersoarge al yn de jierren fyftich in kursus Frysk foar de regionale radio, doe noch de Rono. Se ûntwikkele kursussen Frysk foar net-Friezen en makke foar de Afûk de grammofoanplaat-kursus ‘Bûter brea en griene tsiis’, opnommen yn 1969. Tegearre mei Geale de Vries makke se in metoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis, ‘Maskelyn’. Yn 1999 joech se op fersyk nochris in ‘opfriskursus’ Frysk by de lokale omrop Smellingerlân. Doe’t se ris immen priveeles joech en de man sei dat er it Frysk hiel gau leare woe, sei Anny Bosma: “Dan moatte jo in Fryske frou trouwe. In bettere ried kin ik jo net jaan.”

Boarne: Leeuwarder Courant, 04-03-2008

FFU: Wy hawwe grutte wurdearring foar frou Bosma-Banning en har krewearjen foar it Frysk. It boek ‘Maskelyn’ wie gjin metoade Frysk, mar in blomlêzing foar de leechste klassen fan it fuortset ûnderwiis.

Anny Bosma-Banning (1913-2008), 05-03-2008 (A-LC)

DRACHTEN - ‘Eigner as it koaltsje is har de bânrecorder, / hiemer as it breidzjen grif de tillefoan.’ Dat dichte Fedde Schurer yn 1975 ûnder de nammen Pier Protter yn de Strikel oer Anny Bosma-Banning. De bekende Fryske lesjouster is 24 febrewaris yn har wenplak Drachten ferstoarn. Se is 94 jier wurden.

Anny Banning waard 23 oktober 1913 yn Weinterp berne. Doe’t se yn 1935 troude mei Jan Bosma, kaam se yn Drachten te wenjen. Se kaam yn it bestjoer fan de krite Drachten, waard haadbestjoerslid fan it Ald Selskip en rekke yn de oarlochsjierren oan it toanielspyljen.

Se helle de legere akte Frysk nei lessen by Douwe Kalma thús. Doe’t yn de jierren fyftich Philips soarge foar in soad nij-ynkommelingen yn Drachten, waard Anny Bosma-Bannning pionierster op it mêd fan Frysk foar net-Frysktaligen. Op oanstean fan haadredakteur Freark Dam skreau se in rige taallessen foar de Drachtster Krante. Op fersyk fan de Rono makke se in radiokursus en dêrnei ek in grammofoanplatekursus. De opnamen foar ‘Bûter, brea en griene tsiis’ waarden yn 1969 makke yn Olterterp, yn it lettere ûnderkommen fan It Fryske Gea.

Nei de kursussen Frysk soarge se ek foar ferfolchkursussen ‘op lokaasje’ om it Frysk praten te oefenjen. Se hat ek noch lessen jûn oan de doetiidske boargemaster fan Smellingerlân, baron Willem Ernst van Knobelsdorff. Yn 1961, nei’t se ek de middelbere akte helle hie, folge se Geale de Vries op as dosint Frysk oan de ryks-hbs yn Ljouwert. Yn 1968 kaam dêr it lyseum op It Hearrenfean by, dêr’t se ek Nederlânsk joech. Ek oan de universiteit fan Grins joech Anny Bosma kolleezjes ‘Fries voor niet-Friezen’. Mei Geale de Vries makke se in blomlêzing foar de leechste klassen fan it fuortset ûnderwiis, ‘Maskelyn’. Tegearre wiene hja driuwende krêften efter de jierlikse foardrachtkriich Ferstival yn de Lawei.

Anny Bosma moast neat ha fan de staveringsferoaring fan 1980 en de neffens har ûnfatsoenlike wize wêrop[’t] dy trochfierd waard. Yn 1999 wurke se nochris mei oan in ‘opfriskursus’ Frysk foar de lokale omrop Smellingerlân. Dat die se op fersyk fan FNP-riedslid Repke Hollema, dy’t har ‘la grande dame fan it Frysk’ neamde. Yn it earder oanhelle berime portret fan Anny Bosma-Banning skreau Schurer: “De ynkommeling leart hja de lânstaal sprekken / As hie er al syn dagen oars net dien / De jongerein mei deade sleur te brekken - / Foar moed, toaniel en trou krijt hja in tsien.’

Boarne: Leeuwarder Courant, 05-03-2008

<< Werom nei 'Aktueel 2008'