East-Friezen troch Dútslân erkend, 14-03-2008 (A-FNP)

FNP - De East-Friezen binne no offisjeel erkend troch it Dútske Ministearje fan Ynlânske saken! Yn in brief fan 27 febrewari ll. befêstiget it Ministearje dat de Friezen yn East-Fryslân erkend wurde as offisjele minderheid fanwege de oanwêzigens fan in eigen kultuer, skiednis en taal (Sealterfrysk en Nederdútsk). Foar 'Die Friesen', in kollega-partij fan de FNP yn East-Fryslân, soe dat by folgjende ferkiezings as gefolch hawwe kinne, dat sy net mear hoege te foldwaan oan de ferkiezingsdrompel fan 5%. Sy binne dan as partij fan de Fryske minderheid frijsteld fan dy saneamde 'Sperrklausel'. Dat, om't der fanwegen in soartgelikense situaasje by de politike partijen fan de Noard-Friezen, Denen en Sorben fan in presedintwurking sprake wêze soe. Mei 0,7% fan de stimmen (sawat 30.000 kiezers) kinne die Friesen dan yn de ‘Steaten' fan dielsteat Nedersaksen komme.

De Upstalbeam, symboal fan Fryske frijheid yn East-Fryslân

De lêste kear hienen 'Die Friesen' goed 10.000 stimmen. Fierder is de kâns no frij reëel wurden dat se yn 3 gemeenten yn East-Fryslân yn de gemeenterieden komme kinne: Boarkum (eilân), Bunde en Weener. Se binne dêr by de dielsteatferkiezings de tredde partij wurden, nei CDU en SPD. Yn in ferklearring nei oanlieding fan dizze positive ûntjouwings spruts foarsitster Nelly Maes fan de EFA, de Europeeske 'memmepartij' fan de FNP) de folgjende wurden:
"This is a glorious day for all parties in EFA and for all minorities struggling for their recognition. It is so that an irreversible process in Europe is ongoing. More and more minorities will get an official recognition, many minority languages will get a better status. EFA will continue its work to see to it that Diversity is not just a hollow slogan of centralist EU-technocrats but a democratic process bringing Europe closer to the people."  

Sjoch foar it brief fan it Ministearje.

Boarne: FNP Nijs (dig.), Sybren Posthumus, 14-03-2008

<< Werom nei 'Aktueel 2008'