FNP en OSF: opkomme foar rjochten Frysktalige bern by ferplichte taaltoets pjutten, 15-04-2008 (A-FNP)

De FNP yn Provinsjale Steaten en de OSF yn de Earste Keamer hawwe noed oer de posysje fan Frysktalige bern by de ferplichte taaltoets foar pjutten. Alle bern yn Nederlân moatte neffens it plan fan steatssiktaris Dijksma (PvdA) sa’n toets krije. Behearsking fan it Frysk of in streektaal mei dan net jilde as in gebrek, stelle de partijen. It is in rjocht fan ús bern om yn har eigen memmetaal op te groeien. De kâns is oanwêzich dat jonge bern yn Fryslân aanst krekt op efterstân set wurde. Dat docht bliken út fragen fan de FNP oan deputearre De Vries en OSF Senator en FNP-er Hindrik ten Hoeve oan steatssiktaris Dijksma fan Underwiis.

De FNP en de OSF binne fan miening dat de kursus foar bern fan 2,5-4 jier fan steatssiktaris Sharon Dijksma eins bedoeld wie om de yntegraasje fan allochtoanen yn de grutte stêden te befoarderjen. Bern dy’t meartalich opgroeie lykas yn Fryslân moatte net de dupe wurde. Wurdfierders Annigje Toering en Hindrik ten Hoeve tinke dat yn de praktyk perfekt taalfeardige Frysktalige bern al hiel gau in etiket fan efterstân opplakt krije.  Se wize der ek op dat neffens saakkundigen in taaltoets foar sokke jonge bern hielendal gjin doel hat.

Toering en Ten Hoeve freegje harren fierder ôf hoe’t de gemeenten en de konsultaasjeburo’s de nije ferantwurdlikheid wier meitsje kinne dy’t se krije fan de Steatssiktaris.

De wurdfierders fan FNP en OSF wolle dat de oerheid hoe dan ek opkomt foar it rjocht fan  bern om op te groeien yn har eigen memmetaal oft it no Frysk, Drintsk of Limburchs is . ‘In goede taalbehearsking fan it Frysk is net itselde as in minne taalfeardigens yn it Nederlânsk. Se leare yn Fryslân it Nederlânsk der gau genôch by. Wy wolle net dat de steatssiktaris taalrike jonge bern yn Fryslân op dizze wize op efterstân set. Dijksma spant it hynder efter de wein.’

Boarne: parseberjocht FNP-Steatefraksje, 15-04-2008 (digitaal; sj. ) Foar mear ynformaasje oer dit parseberjocht kin men kontakt opnimme mei Annigje Toering,  06-51247182 of Hindrik ten Hoeve,  06-52435020.

FFU: Wy slute ús derby oan.

<< Werom nei 'Aktueel 2008'