Taaltoets foar pjutten, 29-04-2008 (A-FNP)

FNP - De kursus foar bern fan 2,5-4 jier fan steatssiktaris Dijksma is eins bedoeld om de yntegraasje fan allochtoanen yn de grutte stêden te befoarderjen. Bern dy't meartalich opgroeie lykas yn Fryslân moatte net de dupe wurde. Annigje Toering en Hindrik ten Hoeve tinke dat yn de praktyk perfekt taalfeardige Frysktalige bern al hiel gau in etiket fan efterstân opplakt krije. Se wize der ek op dat neffens saakkundigen in taaltoets foar sokke jonge bern hielendal gjin doel hat.

In reaksje fan in (taalfeardige) mem fan 5 tige taalfeardige bern, eks konsultaasjeburo arts, no auteur fan lesmateriaal (en tredde by it Grut Frysk Diktee):

‘In taaltoets liket my folslein oerstallich. Op de konsultaasjeburo's wurdt standert mei help fan it ‘Van Wiechen ontwikkelingsonderzoek' de taalûntwikkeling al toetst. By de kommunikaasje items fan it Van Wiechen ûndersyk binne de saneamde ‘minimum spreeknormen' fan prof. Sineke Goorhuis - Brouwer opnommen. It makket foar de skoare net út hokfoar taal as in bern praat. In twajierrich bern moat bygelyks minimaal twa-wurdsinnen produsearje.

In tal jierren lyn haw ik yn de mande mei oaren (artsen, ortopedagogen, ferpleechkundigen) in spraak-taal protokol skreaun dat op alle konsultaasjeburo's brûkt wurdt. Dit protokol is ek koartsluten mei de yn Fryslân wurkjende logopedisten. Sa wurde de measte taalefterstannen der wol útfiske. De âlden moatte fansels wol geregeld nei it buro komme en ek ree wêze om in ferfolchtrajekt yn te gean as der al wat oan mankearret.

De bêste stimulâns foar in goede taalûntwikkeling is foldwaande oanbod, dus in protte prate tsjin de bern (in protte Friezen binne net sa praatsk, se klaaie harren bern swijend út en oan op it konsultaasjeburo, sette se foar op 'e fyts en fytse in ein sûnder in wurd te sizzen), foarlêze, sjonge, net tefolle televyzje sjen, de styk út de mûle en net de hiele dei eftergrûnrûs fan de radio. It stimulearjen fan Fryske Pjutteboartersplakken, of yn elts gefal pjutteboartersplakken mei each foar in goed taalbelied, en trijetalige skoallen smyt mear op as it giet om taalefterstannen foar te kommen'.

Boarne: FNP (dig.), skriuwer Steatefraksje,  29-04-2008

<< Werom nei 'Aktueel 2008'