FNP: inisjatyf foar sintraal buro útfiering Frysk taalbelied, 19-08-2008 (A-FNP)

 De Steatefraksje fan de FNP wol in sintrale útfieringsorganisaasje foar it Fryske taalbelied yn de provinsje. De partij hat hjirby it foarbyld fan de Welsh Language Board foar eagen. De fraksje komt mei in útstel foar de provinsjale lange-termynbegrutting yn novimber.

 De FNP wol mear rendemint fan it taalbelied. Dêrfoar is in trochtaastende praktyske oanpak nedich, goede koördinaasje fan de útfiering fan it taalbelied en minder fan frijbliuwende ûndersiken. Krekt as yn Wales moatte taalstrategyen hjir ek op bedriuwskundige wize opset en praktysk ynfierd wurde. De klam komt dan te lizzen op trochpakken, praktyk en útfiering. Mei in sintrale útfieringsorganisaasje kin de besteande fersnipeling en it ferlet fan koördinaasje ek oplost wurde. Wittenskiplik en tapast ûndersyk kin bygelyks by de Fryske Akademy en de hegeskoallen plakfine, sa is de FNP fan betinken.

 De FNP is fan doel om it útstel foar in Fryske Language Board te belûken by de mearjierrebegrutting fan de Provinsje, dêr’t Provinsjale Steaten yn novimber oer beslute. De partij wol mei dit idee alfêst in lange-termynfyzje delsette op de útfiering fan it taalbelied foar de perioade nei 2010. Dan rint de besteande Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer mei it Ryk ôf. Deputearre Steaten wolle op dat stuit ophâlde mei it âlde advysorgaan it Berie foar it Frysk. Ek is der yn it ramt fan it desintralisaasjerapport fan de saneamde Kommisje-Lodders praat fan it hiele Fryske taalbelied oer te heveljen fan it Ryk nei de Provinsje. ‘Der moat dan wol in organisaasje klear stean dy’t berekkene is op de ekstra enerzjy dy’t de Provinsje yn de útfiering fan it taalbelied stekt’ sa seit wurdfierder Annigje Toering.

Boarne: digitaal parsebrjocht FNP, 19-08-2008

FFU: It FNP-útstel liket in soad op it pleit en inisjatyf fan de FFU e.o. oangeande de needsaak fan in Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer, dellein yn haadstik IX fan ús Oanfalsplan Frysk (2007). Hoe kin it sa treffe ... It soe noch moaier west hawwe as dat ek efkes neamd wie.

<< Werom nei 'Aktueel 2008'