Fryske ferzje en staveringshifker fan Firefox ree, 28-08-2008 (A-MF)

Fan ’t jier juny is de Fryske ferzje fan Firefox útbrocht. Der is no ek in Fryske staveringshifker dy't gaadlik foar Mozilla Firefox is. Nei it ynstallearjen fan de saneamde tafoeging kin de staveringshifker brûkt wurde foar it ynfoljen fan online formulieren, it meitsjen en bewurkjen fan Wikipedia-siden of it skriuwen fan e-mails yn in webmailomjouwing. Boppedat kin deselde tafoeging ek brûkt wurde yn it e-mailprogramma Thunderbird.
De tafoeging is op dit stuit al in pear hûndert kear ynladen. De brûkte wurdlist is beskikber steld troch de Fryske Akademy. Begjin 2009 komt der nei alle gedachten in fernijde wurdlist beskikber.
It oersettersteam is fan doel om Thunderbird ek oer te setten.

It webstee fan Firefox: http://www.mozilla-nl.org/projecten/frysk

<< Werom nei 'Aktueel 2008'