Annigje Toering: Steatekomitee ‘Frysk yn de grûnwet' foar de lobby yn De Haach, 20-09-2008 (A-FB)

Oanlieding om te kommen ta in steatekomitee, 20-09-2008 (A-FB)
Yn desimber 2006 namen de Steaten fan Fryslân in inisjatyfútstel oan, ûnderskreaun troch alle partijen útsein de VVD, om in brief nei de kabinetsynformateur te stjoeren. Yn dy brief fregen de Steaten omtinken foar de posysje fan it Frysk op grûn fan twa wichtige ferdraggen, dy't troch Nederlân mei ûnderskreaun en ratifisearre binne. De Steaten woene dat by it ta stân kommen fan it kabinet in wichtige rol foar it Frysk weilein wêze soe. Dy brief soe ek nei de ferskate keamerfraksjes gean. It bleau lykwols stil; der kamen gjin aksjes en reaksjes út De Haach.

It sil yn septimber 2007 west hawwe dat alle wurdfierders Frysk yn de Steaten mei-inoar fan betinken wiene, dat – no’t yn it koalysje-akkoart fan it kabinet Balkenende opnommen wie om in ‘staatscommissie grondwet’ yn te stellen, dy't ûndersykje moast hoe’t it Nederlânsk fêstlein wurde kin yn de grûnwet - it Frysk as twadde taal fan Nederlân, lykweardich oan it Nederlânsk, ek fêstlein wurde moast yn de grûnwet. Yn in antwurd op fragen dêroer yn de Twadde Keamer, skriuwt steatssekretaris Dijksma dat it Frysk foarearst net meinommen wurdt, mar der “wordt bezien of de commissie ook de taalkwestie meeneemt”. In lyts kânske dus.

De FNP stelt yn it oerlis fan wurdfierders út om in steatewurkgroep foar de mienskiplike lobby yn te stellen. Dan kinne de Steaten yn De Haach ien lûd hearre litte. Dat jout ek mear status oan it ûnderwerp.
Mei in inisjatyfútstel, ûnderskreaun troch alle partijen wurdt yn novimber 2007 it steatekomitee ‘Frysk yn de grûnwet' ynstallearre. It komitee krijt de opdracht mei om de lobby yn De Haach út te fieren út namme fan de Steaten fan Fryslân. Dat moat der ta liede dat it Frysk yn de grûnwet opnommen wurdt, tagelyk mei it Nederlânsk. It steatekomitee hat geregeldwei oerlis mei de deputearre en har amtners om elkoar sa goed te ynformearjen. Wichtich is om foaral ien lûd út Fryslân hearre te litten en de lobby trochtocht en op it goede momint út te fieren. Net allinne DS is dêrmei dwaande, PS moat dêr ek in aktive rol yn krije.

Opdracht steatekomitee
Ynearsten sil it steatekomitee him beheine ta de opdracht om it Frysk yn de grûnwet te krijen, mar der spylje mear saken op it mêd fan it Frysk, bygelyks:
· De bestjoersôfspraak tusken Ryk en Provinsje rint yn 2010 ôf.
· It foech foar it Frysk yn it ûnderwiis moat nei Fryslân.
· Omrop Fryslân moat in alsidige en folsleine programmearring ha.

En Fryslân hâldt der rekken mei, dat it Frysk yn De Haach ‘gjin ûnderwerp” is ...

Wat hat it komitee sûnt novimber út ’e wei set?
Noch net safolle konkrete aksjes. It oerlis hat meastentiids rjochte west op it tarieden fan de lobby en it ôfstimmen op de lanlike polityk. It steatekomitee hat geregeldwei oerlis mei de deputearre en har amtners om elkoar sa goed mooglik te ynformearjen. Yn 'e mande mei de leden fan it Konsultatyf Orgaan, Omrop Fryslân en de politike kommisje fan de Ried fan de Fryske Beweging is harsenskrabbe oer in tal spearpunten en binne ôfspraken makke oer de lobby nei De Haach ta. Party minsken en ynstânsjes bestoke de polityk yn it Haachske, mar dat sil mear mei ferdrach barre moatte. It moat effektiver en effisjinter.

Om de lobby útfiere te kinnen hat it steatekomitee ynformaasje oer de Fryske saak sammele en in soarte fan lobbydokumint mei kânsen en tûkelteammen opsteld. Alles moat earst yn kaart brocht wurde foar't aksje ûndernaam wurdt. Ûnderwilens giet it ûnderhanneljen fan de deputearre mei De Haach wol troch.
Wol it steatekomitee syn lobby mei sukses útfiere, dan moat rekken holden wurde mei de lanlike polityk. Ôfhinklik wêze fan de nasjonale politike aginda betsjut in wikseljen fan ûnderwerpen en plenning. Sa is op dit stuit (septimber) de ‘Staatscommissie grondwet' noch net iens ynstallearre en dus ek noch net mei syn ûndersyk út ein set.

Ûnderwilens is it rapport ‘Ruimte, Regie en Regio’fan de kommisje Lodders ferskynd. Dêr stiet it advys yn om it foech en de ferantwurdlikens foar it Frysk oer te hevelen nei de Provinsje. De kommisje Lodders advisearret om earst in aparte stjoergroep yn te stellen, dy’t it oerheveljen fan taken, foech en middels oangeande de Fryske taal neier besjen sil. It steatekomitee en DS sille har uterste bêst dwaan moatte om dêr foldwaande middels foar nei Fryslân te krijen. Boppedat sil it minne sifer op it rapport fan it Comitee of Experts yn de diskusje en de lobby mei De Haach in plak krije moatte.

As FNP fine wy al langer dat der in soarte fan Language Board yn Fryslân komme moat dat de koördinaasje by de útfiering fan it taalbelied op 'e noed nimt. De Fryske polityk moat him klearmeitsje foar de takomst en him beriede op syn rol, taak en útfiering. Troch al dy ûntwikkelingen, advizen en plannen, is de opdracht fan de Steaten oan it steatekomitee net mear beheind ta de lobby foar it Frysk yn de grûnwet, mar is de opdracht fan de lobby breder en konkreter wurden.

It steatekomitee is op dit stuit dwaande mei it tarieden fan in earste moeting mei de wurdfierders yn De Haach, by wa't it Frysk yn novimber (foarsichtich, mar fleurich) yn omtinken brocht wurde sil. Dêrnei sil grif noch in soad op it steatekomitee en de fraksje ôfkomme. Jim hearre der wol mear oer.

Posityf is dat it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk in ienriedich polityk stânpunt yn de Fryske steaten wurden is. En dat is winst!

 Boarne: Annigje Toering yn de Frijbûtser, sept. 2008 (digitaal 20-09-2008), nû. 389, s. 4-5  

<< Werom nei 'Aktueel 2008'