Fersprieding Wolkomstpakketten, Septimber 2008 (A-FB)

Fan 16 juny ôf wurde op de measte gemeentehuzen yn Fryslân de earste Wolkomstpakketten útrikt oan nije ynwenners fan Fryslân. It is de ferwachting dat alle jierren 11.000 fan dy pakketten troch de gemeente ferspraat wurde. De provinsje Fryslân wol dêrmei nijynkommelingen ynformearje en in positive hâlding bewurkje oer de foardielen fan meartaligens yn Fryslân.

Dêrneist is de webwinkel www.wolkomynfryslan.nl iepene, mei ynformaasje en produkten foar nije ynwenners.

De fersprieding fan de Wolkomstpakketten rint fia de gemeenten. Der binne op dit stuit 27 gemeenten dy’t skriftlik oanjûn hawwe mei te dwaan: alle gemeenten fan Fryslân, útsein de Waadeilannen.

It Wolkomstpakket hat, neist in oanbiedingsbrief fan de Provinsje, in brosjuere oer meartaligens (‘Taal fan it hert’), ynformaasje oer it kursusoanbod Frysk fan de Afûk, in on-line kursus Frysk (eduFrysk), de dvd ‘Talen mear takomst’, in teaterbon fan Tryater en it collector’s item ‘Suske en Wiske en de Alvestêdestunt’. Dêrneist kinne gemeenten ek sels [geef Frysk: sels ek] eigen ynformaasje yn de pakketten meijaan.

Dêrnjonken is fan no ôf de twatalige ynternet-side www.wolkomynfryslan.nl on-line. In side dêr’t fia in webwinkel tal fan nijsgjirrige produkten foar nije ynwenners te keap binne, en dêr’t ynformaasje oer de meartalige situaasje yn Fryslân op te finen is. Nijynkommelingen kinne sa gau paadwiis makke wurde yn meartalich Fryslân.

It Wolkomstpakket is in inisjatyf fan FNP, CDA en PvdA yn Provinsjale Steaten (fan 13 desimber 2006). Dêryn waard útsteld om oan safolle mooglik nijynkommelingen yn Fryslân ynformaasje te jaan oer de foardielen fan de meartalige situaasje en oer de (mear)talige realiteit yn Fryslân. Op jierbasis giet it om sawat 27.000 nije ynwenners yn dizze provinsje.

Boarne: Steatefraksje fan de FNP, Frijbûtser, sept. 2008, nû. 389, s. 5

<< Werom nei 'Aktueel 2008'