Nij ynstrumint foar taalhelp Fryske bern, 31-10-2008 (A-LC)

LJOUWERT – Yn it ramt fan Oktober Kennismaand is justermiddei by de Fryske Akademy by in stúdzjemiddei in nij logopedysk ynstrumint presintearre foar it mjitten en beynfloedzjen  fan taalûntwikkeling by jonge Frysktalige bern. Foar ‘F-TARSP (Fryske Taal Analyze Remediearring en Screening Proseduere)’ makke taalûndersiker Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy bânopnamen fan it spontane praten fan hûndert bern fan hast twa oant en mei eefkes âlder as fjouwer jier.

Fan elke lûdopname binne twahûndert utering útskreaun en analysearre op sin- en wurdnivo. Sân ûntwikkelingsfazen binne fêstlein yn in saneamde profylkaart, dy’t logopedisten brûke kinne foar in behannelingsplan foar bern mei taalproblemen. De Fryske ferzje is basearre op de Nederlânsktalige TARSP, dy’t út it Ingelsk komt.

It Frysk wykt ôf fan it Nederlânsk yn bygelyks de sinbou en de ferbûging en folchoarder fan tiidwurden. Jelske Dijkstra ûntduts by it harkjen nei de bern dat sy troch de twataligens in protte wurden sa’t sy seit ‘mikse’. “Dat troch elkoar brûken fan beide talen yn deselde sin hoecht net ta taalproblemen te lieden”, is sy fan betinken.

Dijkstra neamt it in foardiel as de logopedist it Frysk behearsket wol hy of sy F-TARSP goed brûke kinne. Foar dyjinge dy’t sa fier net is of komt, is har boek lykwols ek brûkber: deselde 155 siden fan har boek binne fan de oare kant ôf yn it Nederlânsk nei te lêzen.

As ferfolch hjirop wurdt no wurke oan in Fryske leksikonwurdlist fan de taal fan bern tusken de 15 en 27 moanne âld. Ek dy wurdt útjûn troch de Afûk.

Boarne: Leeuwarder Courant, 31-10-2008, s. 19

FFU: Sytze T. Hiemstra, FFU-skriuwer, is lid fan de wurkgroep Logopedy en Frysk, dy’t der de lêste jierren mei foar soarge hat, dat de F-TARSP en oare Frysktalige logopedyske ynstruminten der kommen binne.

<< Werom nei 'Aktueel 2008'